Nard Brandsma wint fierljeppen yn Bûtenpost, finalesprongen skrast om rein

Nard Brandsma hat sneontejûn de twadde fierljepwedstriid fan it seizoen wûn. De ljepper fan Warkum kaam yn Bûtenpost ta in ôfstân fan 20,65 meter. By de froulju wie Tessa Kramer fan It Heidenskip de bêste.
Nard Brandsma wûn mei in 'weardeleaze' sprong, sa seit er sels:
De wedstriid yn Bûtenpost waard nei inkelde finalesprongen stillein fanwegen de rein. It waard lykwols gau wer drûch, mar doe wiene de prizen al útrikt. De flugge beslissing om de wedstriid stil te lizzen soarge foar argewaasje by guon ljeppers.

Earste oer 20 meter

Brandsma sette syn winnende ôfstân del by syn tredde sprong. Dêrmei is hy de earste dit seizoen oer de 20 meter. Brandsma ljepte 85 sintimeter fierder as de nûmer twa, Jan Teade Nauta. Dy kaam ta 19,80 meter. Nauta wûn ôfrûne woansdei noch op It Heidenskip mei 19,17 meter. It tredde plak wie sneon foar Oane Galama fan Hilaard (18,84).
Yn de oergongsklasse ljepte Feike Stellingwerf fan Koudum it fierst. Mei 17,74 meter wie hy yn de Topklasse sande wurden.

Froulju

Tessa Kramer pakte by de froulju de winst mei in sprong fan 15,70 meter. Dy ôfstân sette se del by har twadde poging. Sigrid Bokma fan Hylpen waard twadde mei 14,62 meter. It tredde plak gie nei Marije Reitsma fan Drylts mei 13,89 meter. Marrit van der Wal, dy't ôfrûne woansdei noch wûn, sprong trije kear wiet.

Junioaren

By de junioaren ljepte Stefan Douma fan Toppenhuzen mei 18,32 meter (PR) it fierst. De winner fan woansdei, Rutger Haanstra, waard twadde mei 17,86 meter. Mei 17,47 gie it tredde plak nei Wisse Broekstra fan Tsjummearum.

Jonges en famkes

By de jonges gie de oerwinning, krekt as op woansdei, nei Arend Veenstra fan Surhuzum. Hy kaam ta in nij persoanlik rekôr fan 16,80 meter. Michiel Zijlstra fan Easthim waard twadde mei 15,05 meter. Douwe Abma fan De Hommerts waard tredde mei 14,92 meter.
Berber de Vries fan Mantgum pakte it earste plak by de famkes mei in nij persoanlik rekôr fan 13.86 meter. Iris Wijbenga waard, ek yn in persoanlik rekôr, twadde (13,37). It brûns wie foar Inger Haanstra fan It Heidenskip (13,33). De winneres fan ferline wike, Hanneke Westert fan Snits, waard mei 12,38 meter fjirde.