Beitske Visser wer net yn de punten by W Series nei ôfslaan auto

03 jul 2021 - 19:50

Beitske Visser fan Twellingea is sneontemiddei alfde wurden yn de twadde race op de W Series, ek wol 'de Formule 1 foar froulju' neamd. De Friezinne mocht fan it twadde plak ôf starte, mar koe in goede prestaasje nei it ôfslaan fan har auto by de start al gau ferjitte.

Foto: Orange Pictures

De oerwinning yn Eastenryk gie nei de Britske Jamie Chadwick. Sy wûn yn 2019 it klassemint en stiet no ek wer boppe-oan. De Russyske Irina Sidorkova en Emma Kimiläinen út Finlân waard tredde.

Visser stiet mei noch nul punten op it fjirtjinde plak yn it klassemint. De Friezinne ried ferline wike mei in tolfde plak ek bûten de punten. Mei noch seis races te gean wurdt in topklassearring lestich foar Visser. Yn 2019 einige se noch as twadde yn it klassemint.

Trefwurden: 
Beitske Visser W Series
(Advertinsje)
(Advertinsje)