Jongerein tinkt nei oer takomst âlde Fryske tsjerken

03 jul 2021 - 19:26

Jongerein yn Fryslân wurdt frege om nei te tinken oer de takomst fan de âlde Fryske tsjerken. De tiid dat de gebouwen allinne brûkt wurde foar tsjerketsjinsten is foarby. De hjoeddeistige generaasje sjocht oare mooglikheden, lykas konserten, tentoanstellingen of sels bungeejumpe fan de tsjerketoer.

Jongerein hat oare plannen mei de tsjerken:

Sneon waard yn de tsjerke fan Baaium mei jongeren praat oer in nije ynfolling fan de tsjerkegebouwen. Neffens de stichting Alde Fryske Tsjerken bliuwt it wichtich om each te hâlden foar it ferline en mei respekt om te gean mei de gefoelens fan de âldere generaasje.

"De âlderein is faak ferbûn mei harren tsjerke. Se binne der doopt, troud en ha dêr begraffenissen meimakke", seit direkteur Hester Simons fan de stichting.

Dizze simmer binne yn Fryslân 175 tsjerken iepen foar it publyk.

Trefwurden: 
tsjerken Baaium
(Advertinsje)
(Advertinsje)