Us Hûnen wer byinoar yn Ljouwerter Rengerspark

03 jul 2021 - 18:27

De stânbylden fan de stabij en wetterhûn binne wer byinoar yn it Rengerspark yn Ljouwert. It stabijbyld ferdwûn ferline jier novimber en waard yn stikken weromfûn. Freed waard it restaurearre byld werompleatst.

De hûnen binne wer op harren âlde plak:

It stikkene byld kaam boppe wetter doe't de dief it ferkeapje woe. "Gelukkig was de schroothandelaar alert en gaf hij een seintje dat hij het gestolen beeld mogelijk had", seit wethâlder Hein Kuiken. It die bliken dat it yndied om de stabij gie.

Ferwerter keunstner Hans Jouta, ûnder mear bekend fan in stânbyld fan Johan Cruijff, waard frege it byld te restaurearjen. "It is wol hiel bysûnder eins", wiist Jouta op de bylden, dy't al sûnt de jierren '80 yn it park stiene. "De keunstneres dy't it yndertiid makke hie, libbet net mear. Dan binne je dochs in bytsje mei in oars wurk dwaande."

(Advertinsje)
(Advertinsje)