Mantgum wint yn eigen doarp de Jong Fammepartij

03 jul 2021 - 17:28

It partoer fan Mantgum mei Amarins de Groot, Bregt Arendz en Jennie Terpstra hat sneontemiddei de Jong Fammepartij yn Mantgum wûn. Yn de finale wiene se mei 5-2 6-4 te sterk foar it partoer fan Goaiïngea mei Moniek Lootsma, Iris Oosterbaan en Andrea Kroes. De Jong Fammepartij is de belangrykste partij foar de junioaren by de froulju.

Foto: Henk Bootsma

Der stiene yn totaal njoggentjin partoeren op 'e list yn Mantgum. Eksmoarre, Arum, Grou en Folsgeare koene mar twa froulju ynskriuwe. Arum en Eksmoarre oerlibben de earste omloop mei nederlagen tsjin respektyflik Minnertsgea en Dronryp dan ek net. Grou wûn wol mei 5-5 6-4 fan it partoer fan Boalsert en Folsgeare hie it gelok fan in steand nûmer.

Utslaggen earste omloop

Wedstriid Utslach
1. Grins - 2. Warkum 0-5 2-6
3. Minnertsgea - 4. Eksmoarre 5-1 6-4
5. Dronryp - 6. Arum 5-1 6-4
7. Seisbierrum/Pitersbierrum - 8. Makkum 2-5 0-6
9. Boalsert - 10. Grou 5-5 4-6
11. Reduzum - 12. Marsum 1-5 0-6
13. Rie - 14. Mantgum 2-5 2-6
15. Sint-Anne - 16. Goaiïngea 0-5 6-6
17. Easterein - 18. Jirnsum 5-2 6-0
19. Folsgeare

De grutste ferrassing fan de twadde omloop kaam yn de wedstriid tusken Goaiïngea en Easterein. It lêstneamde partoer mei Roelie Kroondijk, Corrie Kroondijk en Jeska Terpstra behearden ta de favoriten foar de titel, mar op 5-5 6-6 gie Goaiïngea der troch in bûtenslach fan Roelie Kroondijk mei de winst fantroch.

De duo's fan Grou (Aluca Bouma en Jitske Kamsma) en Folsgeare (Judith Cuperus en Eline van Dijkhuizen) waarden troch respektyflik Makkum en Warkum útskeakele.

Utslaggen twadde omloop

Wedstriid Utslach
19. Folsgeare - 2. Warkum 1-5 2-6
3. Minnertsgea - 5. Dronryp 3-5 6-6
8. Makkum - 10. Grou 5-1 6-2
12. Marsum - 14. Mantgum 2-5 2-6
16. Goaiïngea - 17. Easterein 5-5 6-6

Thúspartoer Mantgum waard de earste finalist fan de dei. Se wiene mei 5-4 6-0 te sterk foar Makkum (Ilse Zwaagstra, Larissa Smink en Anouk Smink) en hiene yn de heale finale in steand nûmer.

Warkum mei Nynke Kuipers, Naomi Wiersma en Gerde Lycklama à Nijeholt wûnen mei 5-3 6-4 fan Dronryp mei Inge Jansma. Senne Idsardi en Iris Veltman.

Utslaggen tredde omloop

Wedstriid Utslach
2. Warkum - 5. Dronryp 5-3 6-4
8. Makkum - 14. Mantgum 4-5 0-6
16. Goaiïngea

Goaiïngea sette yn de heale finale de goede foarm troch en hie hast gjin problemen mei it partoer fan Warkum. It stie al hiel gau 4-0 foar Goaiïngea. Warkum die noch wol wat werom, mar de wedstriid waard úteinlik ienfâldich mei 5-1 6-2 wûn troch Goaiïngea.

Utslaggen heale finales

Wedstriid Utslach
16. Goaiïngea - 2. Warkum 5-1 6-2
14. Mantgum

De finale tusken Goaiïngea en Mantgum wie oan it begjin ienrjochtingsferkear. It thúspartoer stie al gau mei trije earsten foar, mar Goaiïngea toande fearkrêft en kaam op 3-1 6-6 werom nei 3-2.

Dat brocht Mantgum lykwols net út balâns, want dy giene dêrnei streekrjocht nei de titel. Mantgum wûn de 18e Jong Fammepartij yn eigen doarp úteinlik mei 5-2 6-4.

Utslach finale

Wedstriid Utslach
16. Goaiïngea - 14. Mantgum 2-5 4-6
Trefwurden: 
keatsen Jong Fammepartij
(Advertinsje)
(Advertinsje)