Belch wint Frysman-triatlon, 'Swurd fan Grutte Pier' foar Jort van Zutphen

03 jul 2021 - 16:40

De Belch Ruben Geys út Balen hat sneontemiddei yn in nij parkoersrekôr fan 8 oeren 40 minuten en 59 sekonden de Frysman-triatlon wûn. De wikseltrofee foar de bêste dielnimmer út it Noarden, 'It swurd fan Grutte Pier', gie nei Jort van Zutphen fan Weidum (8:52:34). Julia de Leeuw fan Weesp wie de bêste frou yn 9:49:39.

De finish fan winner Ruben Geys:

De Frysman mei start en finish op It Reaklif by Warns is de iennige echte triatlon fan Fryslân. De dielnimmers moasten 3,8 kilometer swimme, 180 kilometer fytse en 42 kilometer hurddrave.

Yn totaal stiene der 192 dielnimmers oan de start fan de sechsde edysje fan de Frysman. Yn 2020 waard de wedstriid fanwegen it coronafirus skrast.

Winner Ruben Geys oer syn nije parkoersrekôr

Poadium

It poadium waard kompleet makke troch Henk Galenkamp fan Hilversum (08:47:24) en Tijmen van der Burgt fan Amersfoort (08:48:29). By de froulju einige Annemarie Rustenburg fan Nagele as twadde (9:52:14) en Marjan Andringa fan Marrum wie op it tredde plak de bêste Friezinne (10:00:54).

'Tichteby it hert'

Van Zutphen einige by de manlju as fjirde yn in nij Frysk rekôr. Hy wie út de skroeven mei it winnen fan it swurd. "Dat wie myn doel", sei Van Zutphen nei ôfrin. "Mar ik bin hielendal kapot."

De atleet gie direkt nei de finish yn in kâld bad. "Dat hie ik mysels tasein. Twa rondes foar de ein krige ik it waarm. Dus ik hie wol nocht oan it bad en no bin ik wer fris."

De Weidumer is al sûnt it alderearste begjin dielnimmer fan de Fryske triatlon. "Dit sit sa tichteby it hert en sa ticht by it gefoel. Ik bin der hiel wiis mei en sa grutsk op dizze organisaasje", sa seit Van Zutphen.

De Fryske winner Jort van Zutphen

Trefwurden: 
Frysman triatlon
(Advertinsje)
(Advertinsje)