Tal coronabesmettingen yn Fryslân rint fierder op

03 jul 2021 - 15:20

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren achttjin nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne trije mear as freed. Doe gie it om fyftjin besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed wie it oantal besmettingen yn de ôfrûne wike deis tolve. Freed lei dat trochsneed noch op tsien, in wike lyn op alve.

De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Achtkarspelen mei fjouwer. Dêrnei folget Noardeast-Fryslân mei trije besmettingen. Fan de achttjin Fryske gemeenten bleaune der acht frij fan registrearre besmettingen.

Gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije pasjinten yn de Fryske sikehuzen opnaam.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik

Lanlik binne 1.146 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed waarden der lanlik 740 besmettingen deis registrearre.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)