Omrop TIP: portret fan Jan Mankes yn Weromrop.tv

03 jul 2021 - 15:00

Skilder Jan Mankes (1889-1920) makke 'tiidleaze keunst'. Yn dizze dokumintêre út 2001 leare we mear oer de man syn libben en wurk. Hy skildere 'de siel' fan dingen en minsken en lei syn omjouwing (syn neisten, de natuer en dieren) fêst op tal fan skilderijen.

Selsportret Jan Mankes - Foto: Omrop Fryslân

"Ik bin derfan oertsjûge dat Mankes oer tweintich jier noch mear bewûndere wurdt. Hy wurdt gjin fergetten skilder", seit galeryhâlder Thom Mercuur. "It is in grutte namme, mar noch altyd ûnderskat. It giet om de synergy tusken de siel fan de dingen en de siel fan himsels. Dat ûnderskiedt him fan oare skilders."

Yn 1909 kaam Mankes nei De Knipe. Dy omjouwing komt faak werom yn syn wurk. Ien fan syn bekendste wurken is de Woudsterweg. "It giet net om dy dyk, dat hie ek wol in oare dyk wêze kinnen. Mar it giet om de stimming en sfear sa't Mankes dy belibbe."

'Woudsterweg' troch Jan Mankes - Foto: Omrop Fryslân

Ien mei it ûnderwerp

Sa't er sels sei: 'ik moet een worden met mijn onderwerp.' En: 'Aangezien het zuiver geestelijke, het onnoembare niet te noemen is, neemt men de stoffelijke dingen te baat als middel. Schilderen bedoelt dan ook niet te zijn dan de te geven reactie der geest, ziel, op de stoffelijke dingen om daarmee het onnoembare naar buiten te brengen.'

Yn 1915 troude er mei Annie Zernike, de earste froulike dûmny yn Nederlân. Se krigen ien soan. Yn 1920 stoar Mankes oan tbc.

Omrop Fryslân stjoert dizze wike alle jûnen op telefyzje in koarte ferzje fan in dokumintêre út it rike argyf út yn it programma Weromrop.tv. Te sjen om 17.15 oere en dan elk healoere yn de werhelling.

Op de webside Weromrop binne hûnderten programma's fan Omrop Fryslân út de jierren 1985-2005 werom te sjen; fan dokumintêres oant Sadwaande en fan Sybe Satellyt oant Sa seach ik Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)