SC Hearrenfean wint yn earste oefenwedstriid fan Jong FC Utrecht

SC Hearrenfean hat de earste oefenwedstriid yn tarieding op it nije seizoen wûn. Op Sportpark 't Paradyske yn Langsweagen wiene de Friezen mei 3-1 te sterk foar Jong FC Utrecht.
Siem de Jong © Orange Pictures
De ploech fan trainer Johnny Jansen kaam al betiid yn de wedstriid op foarsprong, doe't Joey Veerman yn de fiifde minút in Utrechtse definsjeflater ôfstraffe koe.
Stanislav Shopov wie yn de earste helte ek noch tichteby in doelpunt, mar syn ynset kaam op de latte telâne.
Lucas Woudenberg foel healwei de earste helte út mei in blessuere.

Utrecht komt werom

Nei tsien minuten yn de twadde helte kamen de beloften fan Utrecht wer op likense hichte. Oanfaller Jeredy Hilterman koe in foarset efter de nije doelman Xavier Mous wurkje: 1-1.
De oerwinning gie úteinlik wol nei Hearrenfean. Arjen van der Heide makke yn de 66e minút op oanjaan fan Mitchell van Bergen de 2-1. Benjamin Nygren makke der yn de slotfaze op fraaie wize noch 3-1 fan.
Trainer Johnny Jansen oer de oefenwedstriid
SC Hearrenfean - Jong FC Utrecht 3-1 (1-0): 5' 1-0 Joey Veerman; 55' 1-1 Jeredy Hilterman; 66' 2-1 Arjen van der Heide; 79' 3-1 Benjamin Nygren.
Opstelling earste helte: Mulder, van Ewijk, Dresevic, Zaal, Woudenberg, Ras, Kongolo, J. Veerman, Nygren, H. Veerman, Shopov.
Opstelling twadde helte: Mous; Akujobi, Van Ottele, Bochniewicz, Kaib; Nunumete, Halilovic, De Jong; Van der Heide, Hajal, Van Bergen.