Sven Kramer fytst snein mei yn de Omloop der Kempen

03 jul 2021 - 14:31

Reedrider Sven Kramer docht snein mei oan de Omloop der Kempen, dat is in hurdfytswedstryd yn de topkompetysje fan it hurdfytsen yn Nederlân. It is snein yn Veldhoven de earste echte koers nei in lang coronaskoft: der is dêrom in soad animo.

Foto: Orange Pictures

Kramer hie him op de reservelist fan it team John Deere-NWVG sette litten, mar hat sneon witte litten dat er meidwaan wol oan de koers fan 190 kilometer. Kramer is folop yn tarieding foar de Olympyske Spelen fan takom jier yn Peking.

(Advertinsje)
(Advertinsje)