Into The Great Wide Open útferkocht: ferkeap spannend troch corona

03 jul 2021 - 12:40

De kaartferkeap fan festival Into The Great Wide Open op Flylân is sneon om 12.00 oere úteinset: binnen trije kertier wie it útferkocht. It festival wurdt dit jier yn in oanpaste foarm hâlden, yn ferbân mei it coronafirus. It sil hâlden wurde yn it lêste wykein fan de simmerfakânsje, fan 2 oant 5 septimber.

Foto: Marleen Annema

Niek Nellen fan Into The Great Wide Open fertelde dat de kaartferkeap krekt nei tolven al goed rûn. "Het is altijd druk en ook wel een beetje stressvol. Mensen komen in een wachtrij en kunnen willekeurig een kaartje bemachtigen. Jammer genoeg moeten we ook altijd wel mensen teleurstellen. Dat zal dit jaar ook weer zo zijn, denk ik. We verkopen dit jaar rond de 3.000 kaarten. Normaal gesproken was dat het dubbele, dus ik kan me voorstellen dat het dit jaar nog wat spannender is voor mensen. "

Lytsere edysje op sintraal plak

De organisaasje fan it festival hat lang neitocht oer it wol of net hâlden fan it evenemint. "Ook omdat er veel drukte is op het eiland door toeristen. We zijn uitgekomen op een soort kleine editie van het festival. Normaal zijn er allerlei locaties over het eiland verspreid, nu hebben we het geconcentreerd op één locatie. Het sportveld van de voetbalclub is het festivalhart."

Minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens hat wol noed oer eveneminten oer meardere dagen, lykas festivals, sa makke hy freed bekend. "Ik snap dat hij zich zorgen maakt en kijkt naar het grotere plaatje," seit Nellen. "Maar als festivalorganisatie heb je daar weinig aan. Je bent maanden van tevoren aan het plannen. We zitten nu ongelooflijk kort op het festival. Het is niet mogelijk om het een paar weken ervoor nog helemaal om te gooien."

Niek Nellen fan Into The Great Wide Open

(Advertinsje)
(Advertinsje)