Skûtsjesilen ek oan bar: striid yn coronabubbels yn de Slach om Heech

It keatsen en fierljeppen gie earder al wer los, mar no is ek it skûtsjesilen oan bar. Sneon is de Slach om Heech, in trainingswedstriid foar it kampioenskip fan de IFKS. It is de earste skûtsjewedstriid sûnt tiden, mei 33 dielnimmers dy't yn harren eigen 'skûtsjebubbel' sile.
Lang om let koene de skûtsjesilers wer los:
Sikke Heerschop fan skûtsje Ingelskman is wiis dat de mar wer fol mei skûtsjes leit. "Einlings meie wy wer. Geweldich dat it wer kin. Der dogge 33 skûtsjes mei en efkes fierder op de mar sile ek nochris 14 SKS-skûtsjes. Dus it giet wer hielendal los. It is prachtich moai waar, wat wolle je noch mear."
Syn soan Wytse, skipper fan Us Heit, is ek bliid wer op it wetter te wêzen: "Ik denk dat iedereen hier heel erg op gewacht heeft. De wind is wat instabiel, maar het is prachtig om weer allemaal bekenden te zien. Sommige mensen heb je anderhalf jaar niet gezien."
Earder diene der wol mear as 50 skûtsjes mei, mar troch de ûnwissens leit it oantal no leger.

Earste test: hoe stiet eltsenien derfoar?

De Slach om Heech wurdt fan 11.00 oere ôf op de Hegemer Mar syld, organisearre troch Watersportvereniging WSH Heeg. Yn oerlis mei Veiligheidsregio Fryslân binne der tal fan ôfspraken makke foar in feilige wedstriiddei. Sa moatte de dielnimmers tusken de wedstriden troch oan board ite, sa't sy in harren eigen coronaproof 'bubbel' bliuwe.
Meardere dielnimmers meie net byinoar ankerje en oanlizze yn Heech is net tastien. In feest en priisútrikking is der ek net. "Iedereen moet meteen na de wedstrijden weer weg. Dat is natuurlijk wel jammer. Het feestje en de gezelligheid horen er wel een beetje bij, maar we zijn allang blij dat we weer kunnen zeilen!", seit Wytse Heerschop.
Yn dat lêste kin heit Sikke him ek fine: "Wy hawwe it goed ôfpraat. Alles giet digitaal, protesten bygelyks ek. It is gewoan machtich dat it wer kin. Elkenien sylt yn de eigen klasse. Sa kinne je foar it earst wer in bytsje sjen hoe't it útpakke kin dit jier."
Sikke Heerschop fan skûtsje Ingelskman