Plysje Ljouwert hellet fertochten fjochtpartij mei lutsen wapens út auto

03 jul 2021 - 12:11

De plysje fan Ljouwert hat freedtejûn mei lutsen wapens in groepke minsken út in auto helle. Neffens de plysje wie der in fjochtpartij wêrby't in foarwerp sjoen waard dat op in fjoerwapen like.

Foto: Kappers Media

De plysje hat twa njonken inoar parkearre auto's op in parkearterrein yn de wyk Zuiderburen trochsocht. Ien fan de minsken is oanholden en meinaam nei it plysjeburo. Der is net bekend makke oft der wat yn in auto fûn is.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert fjochtpartij
(Advertinsje)
(Advertinsje)