Boek oer it leauwen yn midsiuwsk Fryslân: in nij each op de gewoane man

03 jul 2021 - 10:45

Wa't wolris yn Limburch komt, wit fêst wol fan de kapeltsjes of Mariabyldsjes. Yn Fryslân hawwe wy dat hielendal net. Mar sa'n 600 jier lyn wie dat wol oars. Hiele gewoane Friezen leauden doe bot en hiene ek tal fan byldsjes fan hillige figueren om harren hinne. Dat docht bliken út in boek dat freed presintearre is: Geleefd geloof, oer it libben en leauwen fan boeren en boargers yn Fryslân en Grinslân.

Foto: Walburg Pers

Bert Looper fan Tresoar is ien fan de skriuwers fan it boek. Hy fynt it moai dat der wat mear omtinken foar de lytse man yn de Fryske midsiuwen komt. "Wy binne yn Fryslân in soad dwaande mei ús midsiuwske skiednis. Dan giet it faak oer macht: oer stinzen, haadlingen en Fryske frijheid. Mar wy fregen ús ôf: hoe hawwe dy gewoane Friezen it leauwen belibbe?"

Fryslân en Grinslân ferskilden fan omlizzende gebieten om't sy net ûnder it gesach fan in graaf of hartoch foelen. It is net tafallich dat just yn Fryske rjochtsteksten oare teologyske tinkbylden te finen binne.

Ticht op it gefoelslibben

It ûndersyk is wol in drege opjefte, jout Looper ta. "Want de gewoane man hat net folle skreaun en neilitten. Dêrom moasten wy op in nije wize nei it boarnemateriaal sjen. Dan merke je dat je dochs noch wol aardich ticht op it gefoelslibben fan dy midsiuwske minsken komme kinne."

Fries Museum yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

In wichtige iepening foar boarnemateriaal leit yn de kolleksje fan it Fries Museum. "Dat hat in grutte samling oan lytse byldsjes. Dy binne suver net om oan te sjen, mar dêr is no foar it earst goed ûndersyk nei dien. It docht bliken dat in soad minsken soksoarte byldsjes yn 'e hûs hiene."

Nijsgjirrich is dat it faak gie om byldsjes fan Maria of it berntsje Jezus. "Wy tinke by Jezus no faak oan Kristus oan it krús. Mar je sjogge dat it yn de gewoane huzen faker gie om emosjonele kant fan it leauwen. Dat hiene wy net echt yn de gaten", seit Looper.

Materiële boarnen

It giet net om bylden út tsjerken, mar just om byldsjes dy't yn bearputten om huzen fan doe hinne fûn binne. "Dan witte je dat dy byldsjes ek yn de húslike omjouwing brûkt binne. Dat jildt ek foar gebedeboekjes fan Friezen en de hilligen dy't fereare waarden. As in byldsje fan tafel dondere en it stikken foel, dan smieten de minsken it fuort. Sa fine wy it wer yn de grûn werom."

Dêr't skreaune boarnen ophâlde, smite materiële boarnen dus nije ynformaasje op. Foar it boek is ek sjoen nei ierdewurk, brevieren, pylgerynsynjes, relikwyen, relykdoaskes en gebedsteksten.

Bert Looper - Foto: Omrop Fryslân

Looper: "It giet altyd wer om it op 'e nij ynterpretearjen fan boarnen. Us kolleksjes binne yn dy sin ûnútbrûkber, je kinne der altyd wer op 'e nij nei sjen. It is echt gebrûksmateriaal. Dêr hawwe wy wolris wat oerhinne sjoen. Mar as je der mei dy nije eagen nei sjogge, dan hat it in soad betsjutting."

Emosjonele belibbing

Ut in ynventarisaasje fan de byldsjes docht bliken dat sa'n 90 persint betrekking hat op Maria of froulike hilligen. "Manlike hilligen wiene net sa bot fertsjintwurdige. Mei it byldsje fan de lytse poppe Kristus wiist it der op dat it yn de folle emosjonelere belibbing sit as dat út de tsjerken bliken docht. Dat hawwe wy yn it boek beskreaun en ôfbylde."

Bert Looper oer it boek 'Geleefd geloof'

De earste eksimplaren fan it boek binne oan Patty Wageman en Hester Simons jûn, direkteuren fan Stichting Oude Groninger Kerken en Stichting Alde Fryske Tsjerken.

De boekpresintaasje is hjir werom te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)