Omrop TIP: Spoarsykje nei de Lelyline

03 jul 2021 - 10:47

De FryslânDOK Spoarsykje giet oer de helberens en de winsklikens fan de rappe spoarline tusken it noarden en de Rânestêd. Te sjen op 3 july by NPO2 en op 4 july by Omrop Fryslân.

Mei in swiere lobby set Noard-Nederlân alles op alles om it kommende kabinet der ta te bewegen te ynvestearjen yn de Lelyline. Dat trajekt ferbynt Amsterdam fia Almere, Lelystad, Emmeloord, It Hearrenfean en Drachten mei Grins - en leafst noch fierder, fia Dútslân oant Skandinavië.

De Lelyline soe in grutte ympuls jaan moatte oan de ekonomy yn Flevolân, Fryslân, Grinslân en Drinte.

Spoarline troch lânskip - Foto: Omrop Fryslân

Potinsje

Der is in potinsje-ûndersyk dien nei de Lelyline. Foar de noardlike bestjoerders is dat it bewiis dat de spoarline besteansrjocht hat en goed te eksploitearjen is. Sy wolle dat it Ryk no einlings ris ynvestearret yn de spoarferbining, dy't yn ferskate farianten al tsientallen jierren op it ferlanglistje stiet.

Bart Kingma (r) en Wouter Veldhuis (l) - Foto: Omrop Fryslân

Deal

Yn it resinte Deltaplan voor het Noorden biedt de noardlike regio it Ryk oan om mei de bou fan 220.000 ekstra huzen in grut part fan it lanlike wenningtekoart op te lossen, yn ruil foar de Lelyline. Mei dizze deal soe de Lelyline net allinnich mar in kadootsje wêze foar it noarden, mar ek in lanlik belang tsjinje.

Gert de Roo, Rijksuniversiteit Groningen - Foto: Omrop Fryslân

Twivels

FryslânDOK frege saakkundigen om it potinsje-ûndersyk en it Deltaplan voor het Noorden tsjin it ljocht te hâlden. Likegoed planologen fan de Rijksuniversiteit Groningen as it College van Rijksadviseurs hawwe twivels oer de útgongspunten en realiteitssin fan de spoarplannen.

Enak Ferlemann, steatssekretaris Dútske spoarwegen - Foto: Omrop Fryslân

Bûtenlân

In oare wichtige faktor yn de helberens is it bûtenlân. Past it trochlûken fan de spoarline nei Hamburg en Skandinavië yn de plannen fan Dútslân en de Europeeske Uny?

FryslânDOK stelde dy fraach oan in Europarlemintariër transportsaken en moete yn Dútslân de steatssekretaris spoarsaken fan de Dútske Bundesregierung. Harren opmerklike antwurden jouwe in oare blik op de sa winske Lelyline.

Trein mei spoaroergong - Foto: Omrop Fryslân

FryslânDOK: Spoarsykje

  • Sneon 3 july, 15.30 oere, NPO2 (werhelling 4 july 13.10 oere)
  • Snein 4 july, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.

(Advertinsje)
(Advertinsje)