Mar en Klif wol mei ambassadeurs it lânskip yntym tichterby bringe

03 jul 2021 - 09:59

It besikerssintrum Mar en Klif foar it Nasjonaal Lânskip Súdwest-Fryslân hat in digitaal platfoarm foar 'lânskipsambassadeurs' iepene. Doel fan it inisjatyf is it tichterby bringen fan it lânskip by de eigen ynwenners en toeristen.

By de Wolvetinte yn It Heidenskip - Foto: Bezoekerscentrum Mar & Klif | Fouke de Vries

It platfoarm 'Vraag een ambassadeur' biedt de mooglikheid om in oere fergees op 'en paad te gean mei in eigen 'gebietssaakkundige.' It kin bygelyks gean om in kuier by Murns, in ferhaal oer partikulier natuerbehear yn Rûgehuzen of in rûnlieding by de Wolvetinte yn It Heidenskip.

Yntym

"It is fergees, mar ek lytsskalich en by de minsken thús," leit Geertje Bouma fan besikerssintrum Mar en Klif út. "Gjin grut en glêd arranzjemint, mar just hiel yntym."

Kursus

Mar en Klif organisearret al 10 jier de kursus Ambassadeur Nasjonaal Lânskip Súdwest-Fryslân. "Dus der binne sa stadichoan al sa'n 250 ambassadeurs oplaat. It binne minsken dy't nijsgjirrich binne nei it lânskip, mar it is ek opset foar rekreative ûndernimmers. Minsken dy't dus mei gasten yn kontakt steane. Letter is it breder lutsen: eltsenien dy't it leuk fynt, kin no meidwaan."

Entûsjasme

Ferline jier hat it Nederlands Bureau voor Toerisme & Congressen it tema 'Ode aan het landschap' oan 2021 ferbûn. "Foar ús wy it in reden om de kennis noch mear oan ynwenners en toeristen te ferbinen. Dêr wie in soad entûsjasme foar. Sa hawwe wy in oantal lânskipsambassadeurs dy't foar lytse groepkes minsken in ferhaal fertelle wolle. It is bygelyks by de minsken thús of yn it lân yn de buert. Dêr kinne ôfspraken foar makke wurde."

Geertje Bouma fan besikerssintrum Mar en Klif

(Advertinsje)
(Advertinsje)