Young Solar Challenge yn Frjentsjer: yn ien wike út 'e grûn stampt

03 jul 2021 - 09:23

Nei hast twa jier wurdt der wer in Young Solar Challenge hâlden, yn dit gefal yn Frjentsjer. It giet om in race mei sinneboaten, makke troch learlingen fan 24 middelbere skoallen út it hiele lân. "Wy hiene foar corona sa'n 40 skoallen. Dat is mear, mar dat wy überhaupt 24 oerholden hawwe, dêr bin ik hiel wiis mei", seit projektdirekteur Dennis Carton.

Argyfbyld fan de Young Solar Challenge - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

It wie noch wol in poepetoer om it allegearre foarinoar te krijen. It like der earst net op dat it trochgean koe mei it coronafirus. "En doe kamen dy ferrommingen ynienen. Wy krigen in wike yn 't foar in fergunning, dus it moast ek yn in wike foarinoar. Mar alle skoallen hiene sy wol taret, dus it is prachtich moai dat it slagge is. It giet net allinne om de race: de learlingen moatte yn in healjier in boat bouwe, jild opbringe, marketing dwaan", leit Carton út.

Moarns en middeis

De start is op it Bolwurk yn Frjentsjer. "Moarns is der in race oer in lange ôfstân. Mei in akku kinne se in kilometer as fjouwer, dêr komt de sinne dan by. Middeis fan in oer as ien ôf is de sprint en de slalom. Dan kinne je sjen hoe hurd it giet. Foar de learlingen is dat miskien wol it moaiste."

Der mei publyk komme by de race. "In part is ôfsletten foar minsken mei in sûnensferklearring, mar as je oardel meter ôfstân hâlde kinne je it fansels ek gewoan fan de wâl ôf sjen", seit de direkteur.

Projektdirekteur Dennis Carton

(Advertinsje)
(Advertinsje)