Striid om de Frysman-triatlon by Warns: "It waar is gouden"

It is de iennige echte triatlon yn Fryslân: de Frysman, mei start en finish op It Reaklif by Warns. Troch it coronafirus wie it lang ûnwis oft de wedstriid wol trochgean koe, mar sneon is dan echt de sechde edysje úteinset. De dielnimmers moatte 3,8 kilometer swimme, 180 kilometer fytse en 42 kilometer hurddrave. Foar de dielnimmers út de trije noardlike provinsjes is der ek noch de wikseltrofee 'It swurd fan Grutte Pier'.
© Hendrika van der Wal
Foarsitter Tsjeard Hofstra is wiis dat it waar meisit. "It earste jier hiene wy it ek goed. Mar dit is gouden. Dit is fantastysk waar. Wy giene eksakt om 7.00 oere fuort. Eltsenien hie der nocht yn."

Waarme wedstriid

De earste swimmers binne sneontemoarn om in oer as healve njoggenen al út it wetter en sitte op de fyts. "It rinnen wurdt sneon wol waarm. Mei de brânwacht fan Starum hawwe wy in wetterpunt delset en der binne trije fersoargingspunten. Dus sy kinne genôch ferkuolling krije, mar ik tink wol dat it in waarme triatlon wurdt."
Foarsitter Tsjeard Hofstra
Foar de organisaasje wie mar in moanne. "It is net neat om it yn fjouwer wiken te organisearjen", jout Hofstra ta. "Mar wy hawwe aldergeloks in grutte groep dy't helpt. Eltsenien yn de regio dy't oars ek wat die wie no ek wer ree om mei te wurkjen. Dat makket it foar ús te dwaan. Wy hawwe sa'n 200 frijgilligers oer de hiele dei hinne. Wy neame se 'heldenhelpers.'"

192 dielnimmers

Fan de minsken op de startlist wiene der in soad dy't har earder al ynskreaun hiene. "Ferline jier waard it skrast, dus wy hawwe it trochskood. De measte minsken dy't hjir no binne hawwe harren op 5 desimber 2020 ynskreaun. Der meie 250 meidwaan en wy hawwe sneon 192 dielnimmers."
Om in oer as 9.00 hinne wiene der noch 190 dielnimmers yn de wedstriid dy't op de fyts sieten.
Ferslachjouwer Hijlko Broersma praat mei in dielnimmer
© Hendrika van der Wal
Hofstra fertelt dat it âlde parkoersrekôr op 8.53 stiet, mar dat de kâns grut is dat der sneon in nij rekôr yn sit. "Mar it is wol waarm: it fytsen giet noch, it maratondrave sil wol dreger wurde." Hofstra hopet benammen op in moaie striid.
Ferslachjouwer Hijlko Broersma is sneon de hiele wedstriid by de Frysman-triatlon. Op de radio binne geregeld updates te hearren:
Update 12.30 oere: foarsitter Tsjeard Hofstra oer de wedstriid
Update 12.45 oere: Dave Rost fan Bemmel wie oant no ta de rapste
Update 13.40 oere: twa froulju supporte in dielnimmer út Reahûs, Ruben Geys út it Belgyske Balen leit op kop
Update 14.10 oere: speaker Ruud de Haan fertelt dat der twa parkoersrekôrs oan lykje te kommen