Grutte konsternaasje op It Soal yn Warkum: fêste steanplakken ferdwine

Gûlende minsken, lilkens en fernuvering: de emoasjes rinne heech op by kamping It Soal yn Warkum. De fêste gasten dy't elts seizoen gebrûk meitsje fan harren steancaravans en sjalets oan de Iselmarkust moatte op termyn fuort. Dat hat de eigener fan AquaResort It Soal harren witte litten.
Grutte konsternaasje op It Soal:
Ferline jier is der in nij bestimmingsplan fan krêft wurden nei in oanrin fan sa'n 20 jier. Mei in akkoart mei natuerbeskermingsorganisaasjes kin AquaResort It Soal no úteinsette mei har saneamde 'masterplan'.

Lúkse lodges yn it plak

Underdiel dêrfan is ûnder oare de komst fan apparteminten en in hotel, mar de camping mei fêste steanplakken like dêr foar it grutste part bûten te fallen. "Op sa'n koarte termyn seach ik dit net oankommen", seit Aagje Bouwhuis út Warkum dy't mei har húshâlding sûnt twa jier in sjalet hat, mei in hierkontrakt foar it steanplak fan ien jier, lykas eltsenien.
Aagje Bouwhuis fan Warkum
De gebrûkers fan fêste steanplakken sykje freedtemidje stipe by inoar © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Bouwhuis hie wol heard dat der wat oan siet te kommen, mar trije moannen lyn waard noch sein dat der noch neat op papier stie. Bouwhuis: "Dat it no ynienen sa fluch giet, is wol in skok en hiel spitich." Der komme lúkse 'lodges' foar yn it plak.

"20 jaar geleden bedacht"

De plannen binne noch hieltyd net útwurke, seit Frank van het Reve fan AquaResort It Soal, mar it beslút is wol fallen en sy wolle de brûkers fan de steanplakken dêr net op it alderlêste momint mei oerfalle.
It delsetten fan gruttere akkommodaasjes op de camping is net nij, seit Van het Reve: "Dat is iets dat ook al 20 jaar geleden is bedacht, maar daar is nooit iets van uitgewerkt. Maar omdat wij 20 jaar moesten wachten op de uitvoering van het masterplan hebben we eigenlijk ook 20 jaar stilgestaan met de rest van de camping."
En no't it wol kin, pakke sy troch om oan te sluten by wat de hjoeddeiske toerist wol. Dy wol net hiel lang op ien plak bliuwe, sa tinkt hy.
Fêste steanplakken op AquaResort It Soal © Michael Westermeier
Dat sjogge de hjoeddeiske campingbrûkers hiel oars. Sy wize der op dat alle plakken ferhierd binne en je echt je bêst dwaan moatte om in plakje op de camping te krijen. Guon hawwe in nije steancaravan besteld dy't de kommende dagen op it plak setten wurde moat. En der binne no ek al hiersjalets.

It twadde hûs

Op de lette freedtemiddei is it drok by it strân dêr't grif mear as hûndert fêste gasten fan de camping demonstrearje wolle, fanwegen de skok fan it nijs dat sy fuort moatte. Ien fan harren is Michael Westermeier út Dútslân. "De stemming is niet goed. De mensen weten niet hoe de toekomst er uit ziet. Ze moeten weg blijkbaar. Niemand weet wat er nu gebeuren gaat. Het is hun tweede thuis", seit hy.

Freonen kwyt

It is in mienskip op himsels fan minsken dy't der somtiden al hiel lang komme. Dat sy fuort moatte, is no wol dúdlik. "Maar waarheen", freget Westermeier him ôf. "Je hebt hier mensen die elkaar twintig of dertig jaar kennen. Ik heb hier Nederlands leren spreken. Dat is ineens weg."
Campinggast Michael Westermeier
Aagje Bouwhuis omskriuwt it as: "Minsken dy't harren mei-inoar ferbûn fiele en dy't ferline wike sieten te skriemen op it terras, om't sy seine: wy binne ús freonen aanst kwyt. Wy wenje yn Dútslân te fier byinoar wei en wy sille inoar net sa gau opsykje, mar hjir sjogge wy eltsenien wykeins. Wy geane hast mei pensjoen en wy hawwe hjir freonen makke. Wy binne hjir mei-inoar, mar ek mei de Warkumers. Wy binne grutsk op wêr't wy hinne geane."
Op de earmtakkeholte fan Michael Westermeier syn dochter stean de koördinaten fan syn steanplak © Michael Westermeier
It tilt op fan de pompeblêden yn Michael Westermeier syn caravan. Je kinne je jas deroan ophingje en sy pronkje ek foar it rút. Hy fielt him ferbûn mei dit plak. Syn dochter hat de koördinaten fan it plak op de holte fan har earmtakke tatoeëarre stean.

It hert ferlern oan de camping

As it giet om de belangen fan de brûkers seit Frank van het Reve fan AquaResort It Soal: "Het is een ontzettend dilemma waar je voor staat. Want je beseft heel erg goed hoe ze hun hart verpand hebben aan hun plekje. Het is een stukje hemel op aarde voor die mensen."
Hy sil mei har yn oerlis: ynkoarten al mei de minsken fan de earste faze fan de plannen. Sy kinne ek ynvestearje yn sa'n nije, lúkse lodge, mar lang net eltsenien hat dêr it jild foar, sa wit hy ek. De fêste besikers hoopje dat de polityk wat foar har betsjutte kin.

"Jaarrond exploitatie"

Mei in opsistermyn fan in jier tinkt Van het Reve dat de minsken noch twa seizoenen bliuwe kinne. Neffens him geane sy net foar it grutte jild en is dit net allinnich goed foar it bedriuw.
Van het Reven: "Er zijn best wel veel middenstanders afhankelijk van wat hier gebeurt en die zullen hier ook bij gebaat zijn. Want uiteindelijk gaan we toe naar een jaarronde exploitatie. Dus niet alleen een seizoenbedrijf van april tot en met oktober, maar ook in de winter komt hier meer vertier. Dat is ook iets waar de gemeente en de VVV een campagne rond aan het opzetten zijn. Dit past daar perfect in eigenlijk."
Frank van het Reve fan AquaResort It Soal