Ynwenners Hearrenfean kinne meiprate oer foarm nij Van der Valk-hotel

02 jul 2021 - 22:14

Ynwenners fan It Hearrenfean kinne meiprate oer hoe't it nije Van der Valkhotel dêr der út sjen moatte soe. Der binne twa modellen foar it hotel makke: in langwerpich gebou fan tritich meter heech, en in kompakter gebou fan 43 meter heech.

De twa opsjes foar it hotel - Foto: Gemeente Heerenveen

It gebou moat komme oan de Oranje Nassaulaan, by de oprit nei de A32.

Ynwenners fan Hearrenfean kinne har miening jaan oer wat se it meast passend fine op dat plak. Dat kin op twa manieren. Minsken kinne harren oanmelde foar in 'fysyk' petear mei Van der Valk en de gemeente of in skriftlike reaksje jaan fia de webside, in e-mail of in brief.

De gemeenteried beslút ein dit jier hokker fariant it wurdt.

Wethâlder Jaap van Veen oer it nije hotel

Trefwurden: 
dfewrwerew
(Advertinsje)
(Advertinsje)