Keamerfragen oer situaasje op Tjalling Koopmans College

02 jul 2021 - 21:14

Keamerleden Paul van Meenen (D66) en Peter Kwint (SP) hawwe skriftlike Keamerfragen steld oan minister Arie Slob foar basis- en fuortset ûnderwiis oer de situaasje op it Tjalling Koopmans College yn Hurdegaryp. De Keamerleden wolle ûnder mear witte hoe't it stiet mei de kwaliteit fan it ûnderwiis op de Scholen voor Persoonlijk Onderwijs.

It Tjalling Koopmans College (SvPO Hurdegaryp) - Foto: Omrop Fryslân

De yntsjinners wolle fierder witte oft der op de skoallen wol in feilich skoalklimaat is. Fierder freegje Kwint en Van Meenen: "Hoe beoordeelt u dat een docent van het Tjalling Koopmans College is geschorst nadat hij heeft gesproken met Omrop Fryslân?"

Dosint Bert Mul waard ôfrûne moanne skorst troch de skoalle, om't hy him kritysk útlitten hie yn in ynterview by de Omrop. Earder dizze wike bepaalde de rjochter dat de dosint it skoaljier gewoan ôfmeitsje mei.

Ferbettering

Ta beslút wolle de Keamerleden witte hokker stappen de minister set om de situaasje op de skoalle sa gau as mooglik te ferbetterjen en in feilich skoalklimaat foar de learlingen te garandearjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)