Partoer Marten Bergsma wint earste frijeformaasjepartij fan it seizoen

02 jul 2021 - 20:29

It partoer fan Marten Bergsma, Dylan Drent en Hendrik Kootstra hat de frijeformaasjepartij op It Hearrenfean wûn. De Masters wie de earste frijeformaasjepartij fan dit jier. Bergsma waard útroppen ta kening.

Der diene acht partoeren mei oan de wedstriid by keatsklup De Pompebledden. It partoer fan Marten Bergsma iepene de dei mei in 5-1 6-4 oerwinning op it partoer fan Bauke Triemstra. It partoer fan Gert-Anne van der Bos oerlibbe ek de earste omloop. Sy wûnen mei 5-3 6-4 fan Tjisse Steenstra-en-dy.

It partoer fan Enno Kingma hie in maklike iepening fan de dei. Tsjin Haye Jan Nicolay-en-dy wie it nei 5-0 6-2 al klear. It partoer fan Jelle Atema makke de heale finales kompleet nei in oerwinning op it partoer fan Remmelt Bouma: 5-2 6-4.

Heale finales

Bergsma-en-dy giene ek ienfâldich troch de heale finale. It partoer fan Van der Bos waard mei 5-2 6-2 ferslein. Hoe oars wie dat yn de oare heale finale tusken de partoeren fan Kingma en Attema. Kingma-en-dy giene mei 4-2 oan de lieding, mar lieten harren tsjinstanners weromkomme.

Op 5-5 6-4 wie it úteinlik dochs it partoer fan Kingma, Kees van der Schoot en Menno van Zwieten dat oan it langste ein luts.

Boppeslach

Yn de finale gie it yn de begjinfaze lykop. Hendrik Kootstra like in mentale tik út te dielen oan Kingma-en-dy doe't hy op 2-2 6-6 de bal boppe sloech en dêrmei syn partoer op 3-2 brocht.

Kingma wie dêr lykwols net fan ûnder de yndruk, want hy brocht syn partoer efkes letter mei in sitbal op 3-3. Oant 4-4 gie it úteinlik lyk op. mar dêrnei namen Bergsma-en-dy ôfstân. In retourslach fan Drent op 5-4 6-2 bepaalde úteinlik de einútslach yn it foardiel fan it partoer fan Bergsma.

De tredde priis op It Hearrenfean gie nei it partoer fan Jelle Attema, Gabe Jan van Popta en Pieter Jan Leijenaar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)