Waadfûns lûkt trije ton ekstra út foar útkeapregeling garnalefiskers

02 jul 2021 - 19:35

It Waadfûns lûkt goed trije ton ekstra út foar de útkeapregeling fan garnalefiskers yn de Waadsee. It bedrach komt boppe-op de tsien miljoen dy't earder reservearre wie om de fiskers út te keapjen.

Foto: Sarah Verroen

Mei dy regeling kin mei yngong fan septimber in grut part fan de Waadsee sletten wurde foar de garnalefiskerij.

Foar de regeling wie sa'n belangstelling dat der ekstra jild by moast. Dat komt no fan it Waadfûns. Troch it ôfsluten fan goed njoggentûzen bunder see moat it boaiemlibben de kâns krije wer op it âlde nivo te kommen.

Wrakseling en útkomst

Geert Boesjes fan it Waadfûns fertelt dat fiskers en natuerorganisaasjes al in skoft dwaande binne mei ferduorsuming: "Er zijn 89 vergunningen op op garnalen te vissen in de Waddenzee. Door er nu uit te halen, kan een deel van de Waddenzee worden afgesloten. Daardoor kan de natuur zich weer verbeteren. Eén van de doelstellingen is het verbeteren van de ecologie van de Waddenzee. Deze stap past daar heel goed bij: een fors deel wordt hiermee gesloten."

It Waadfûns hat wol murken dat fiskers der net allegearre lyk yn steane. Boesjes: "Ik heb met meerdere vissers gesproken. Sommigen staan voor hun pensioen stoppen, anderen gaan met een boot op de Noordzee vissen naar andere soorten. De vissers hebben zelf bepaald dat het voor hen een goed besluit is. Voor sommigen is het een worsteling, voor anderen een uitkomst. Deze 19 vissers hebben op vrijwillige basis meegedaan."

Geert Boesjes fan it Waadfûns

Trefwurden: 
edwqewqe
(Advertinsje)
(Advertinsje)