Michel Jansen makket oerstap fan SC Hearrenfean nei FC Emmen

02 jul 2021 - 18:50

SC Hearrenfean moat op syk nei in nij Haad Jeugdopliedingen, want Michel Jansen makket de oerstap nei FC Emmen. De 55-jierrige Jansen sil by de klup út de earste difyzje oan 'e slach as technysk manager.

Michel Jansen - Foto: Orange Pictures

Jansen tekenet in kontrakt foar trije jier en waard freedtemiddei presintearre. Yn de simmer fan 2018 makke hy de oerstap fan FC Twente nei Hearrenfean as assistint fan Jan Olde Riekerink. Nei ien seizoen waard hy haad fan de jeugdoplieding.

Jansen hie earder ek kenber makke dat hy graach technysk manager by SC Hearrenfean wurde woe, doe't Gerry Hamstra opstapte. Hearrenfean joech doe de foarkar oan Ferry de Haan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)