Wetterskip Fryslân docht jierlikse fauna-ynspeksje no mei drone

02 jul 2021 - 18:10

Boppe it hege gers by de de Aldebiltdyk en de Nijebiltdyk fleant dizze dagen in drone. By wize fan proef besiket Wetterskip Fryslân om de jierlikse fauna-ynspeksje net hânmjittich te dwaan. Troch it wurk út te fieren mei de drone, moat it rapper gean.

"We wolle fûgelnêsten net stikken meane"

De drone hat in waarmtekamera oan board, mar kin ek gewoane bylden meitsje. Sa kinne ynspekteurs sjen oft der yn it hege gers noch nêsten sitte fan fûgels. Is dat it gefal, dan wurde de nêsten markearre mei in pealtsje. Sa wit de oannimmer, dy't it meanwurk útfiert, wêr't hy wol en net oan it wurk kin.

Fan in wike nei twa dagen

Troch it wurk út te fieren mei de drone, moat it rapper gean. Gewoanwei kin de ynspeksje fan de Alde- en de Nijebiltdyk, yn totaal sa'n 24 kilometer, wol in wike duorje. Mei dizze drone binne se by it wetterskip binnen twa dagen klear.

Foto: Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân

Dizze wize fan faunabehear is in wetlike taak: "Wy binne ferplichte, troch de wet natuerbeskerming, dat wy gjin skea feroarsaakje by ûnderhâld", seit Jan van der Sluis fan Wetterskip Fryslân. "Dêrom moat wy der wis fan wêze dat der neat ynsit yn stikken gerslân dat wy meane wolle."

It waar

"It waar is goed dizze dagen", follet syn kollega Rindert van der Kooij oan. Van der Kooij bestjoert de drone by de proef. "Want mei rein of hurde wyn kinne wy fansels net fleane. En as it hiel waarm is, jout de hjittekamera noch wolris problemen. Mar dêr ha we no gjin lêst fan, wat dat oanbelanget is de proef slagge."

(Advertinsje)
(Advertinsje)