Welcome to The Village drok mei tarieding festival yn spesjale putsjewike

02 jul 2021 - 17:25

Oer twa wiken giet festival Welcome to The Village los yn it Griene Stjergebiet by Ljouwert. It is ien fan de earste festivals oer meardere dagen, dy't yn ús lân nei in lang skoft wer plakfine sil. Se binne op it stuit drok mei de tariedingen mei in spesjale putsjewike.

Welcome to the Village is drok mei tariedingen:

By it festival fernimme se dat it dreech is om minsken te krijen foar de organisaasje. In soad minsken hawwe de sektor ferlitten en binne no oan it wurk yn bygelyks de soarch of de bou.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

"Er is grote schaarste. Wij zijn nu een van de eersten die losgaan terwijl normaal gesproken het het festivalseizoen al in april begint. Dat betekent dat men nu in een kwart van de tijd een hele zomer bij elkaar moeten verdienen. Ik denk dat daarom dit jaar veel mensen ervoor kiezen om niet gelijk weer terug te keren", seit festivaldirekteur Ruben Bosch. Wol tinkt hy dat it takom simmer better wêze sil.

Ferslachjouwer Wendy Kennedy wie by de tarieding

Welcome to The Village hat in opfallende oanpak. It festival duorret trije dagen en op in dei is der yn totaal romte foar 2.250 minsken. Dy moatte harren óf teste litte yn it foar, óf se moatte faksinearre wêze. Besikers hoege dan gjin 1,5 meter ôfstân te hâlden en der mei as fan âlds wer dûnse wurde.

Trije groepen, trije tagongspoarten

It publyk wurdt yn trije groepen ferdield dy't allegearre in oare belibbing hawwe. Se wikselje trije kear fan gebiet en hawwe in eigen yngong. Foar de yngong wurde trije tagongspoarten makke dêr't op it stuit folop oan wurke wurdt.

"Welcome to the Village staat voor innovatie en samen durven dromen en dit heb ik vertaald naar een visuele uiting", fertelt festivalûntwerper Lot van Os. "Ze zijn er elementen van een speelwereld zoals een reuzenrad en een droomwereld zoals torentjes en kasteelonderdelen."

Welcome to The Village is op 16, 17 en 18 july.

(Advertinsje)
(Advertinsje)