Steuringen yn Ofslútdyk noch net oer: 'We moatte der de kommende jierren mei deale'

Minsken dy't de kommende simmer, mar ek de jierren dêrnei, oer de Ofslútdyk moatte, sille rekken hâlde moatte mei ekstra opûnthâld. Neist wurksumheden binne der ek steuringen by de brêgen fan Koarnwertersân en Den Oever dy't sa út en troch foar problemen soargje. It advys fan Rykswettersteat is dan ek om altyd earder fan hûs te gean, hielendal as je de boat yn Harns of it fleantúch op Schiphol helje moatte.
De steuringen binne steurend:
De brêgen binne âld, se lizze al 90 jier yn de dyk. De lêste jierren giet it hieltyd faker mis. Dit jier wiene der opteld by beide brêgen 27 steuringen, sân dêrfan soargen foar files en opûnthâld.
Dat fynt Rykswettersteat ek hiel ferfelend, mar se kinne der net folle oan dwaan. Se wurde faak ferrast troch wer nije steuringen. As de iene oplost is, ûntstiet der samar wer in oare steuring. Dat leit oan de âlderdom fan de brêgen. Der binne wol monteurs oanwêzich, mar net alle steuringen kinne troch deselde oplost wurde.

Kommende jierren mei deale

De wurksumheden op de Ofslútdyk binne fertrage en dat betsjut ek dat de brêge-problematyk de kommende jierren noch duorje sil. De brêgen binne as lêste oan bar om ferfongen te wurden. Efternei sjoen hiene de brêgen miskien earder oanpakt wurde moatten, seit Lukas Meinsing fan Rykswettersteat, mar dat is efternei praat. We sille der de kommende jierren mei deale moatte.
Der wurdt noch ûndersocht wat de steuring fan ferline wike feroarsake hat en der sil alles op alles setten wurde om de oerlêst safolle mooglik te beheinen.
Yn 2025 moatte de wurksumheden klear wêze.
© CAMJO media / Stefan Postema
Lukas Meinsing fan Rykswettersteat