Omrop TIP: portret fan Rense Westra yn Weromrop.tv

02 jul 2021 - 16:56

Rense Westra (1946-2015) fierde as akteur suksessen, op it toaniel by Tryater en ek op it wite doek. Syn priveelibben wie net altyd like fleurich. Hy fertelt deroer yn dit portret út 2000.

Rense Westra yn de film De Fûke (2000) - Foto: Omrop Fryslan

As jonge fan alve jier kaam er by de jeugdtoanielferiening yn Ljouwert. Syn heit en mem sieten ek by it toaniel. "Yn 1969 die ik mei oan it iepenloftspul fan Burgum en doe belle Roel Falkena my. Hy wie foarsitter fan Tryater en frege oft ik dêr spylje woe. Dat woe ik fansels wol. Doe't ik it ús heit fertelde, sei er: it begjin is der." Tryater bestie noch net sa lang en wie ek noch gjin beropsselskip.

"Spyljen is dy ferpleatse yn in oare wrâld, dat fyn ik it moaie." Hy spile tal fan rollen by Tryater, wêrûnder 'Richard III' fan Shakespeare. "Ik ha der 24 jier omspaand, mar de lêste trije jier wie net de moaiste tiid. Ik preau ôfgeunst, ik wie te populêr by it publyk en de parse."

Rense Westra by it hûs fan syn pake en beppe yn 2001 - Foto: Omrop Fryslan

"Ik socht om in tou"

It gong in skoft net goed mei him, hy dronk in liter jenever deis. "In alkoholist sil noait prate oer syn problemen. Je witte dat je hartstikke ferkeard dwaande binne, mar je hâlde it foar josels. Ik socht op in stuit om in tou, woe mysels opknoopje. Dat wie wol it djiptepunt."

Hy wie alles kwytrekke, wurk, hûs en bern, en wie dwaande om ôfskied fan it libben te nimmen. Oant syn advokaat him sei dat se him ien ding net ôfpakke koenen en dat wie syn talint. "Dat waard myn ljochtpunt en doe begûn it gefjocht mei mysels om werom te kommen." En dat slagge. "I'm back in town en dat sille se witte ek. Ik krij wer erkenning en fanmail. En ik ha in nije relaasje. It is in skat fan in famke, dat ha ik mist."

Omrop Fryslân stjoert dizze wike alle jûnen op telefyzje in koarte ferzje fan in dokumintêre út it rike argyf út yn it programma Weromrop.tv. Te sjen om 17.15 oere en dan elk healoere yn de werhelling.

Op de webside Weromrop binne hûnderten programma's fan Omrop Fryslân út de jierren 1985-2005 werom te sjen; fan dokumintêres oant Sadwaande en fan Sybe Satellyt oant Sa seach ik Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)