Boargemaster trapet op de rem: "Fiskerijdagen allinne lyts feest foar Harnzers"

02 jul 2021 - 16:37

Boargemaster Ina Sjerps fan Harns trapet op de rem en ropt minsken op om net massaal nei de Fiskerijdagen te kommen. Freed makke Stichting Visserijdagen Harlingen bekend dat it evenement ein augustus trochgiet. Mar neffens de boargemaster is net eltsenien wolkom: der is allinne in 'beskieden feestje' foar Harnzers op in ôfsletten terrein.

Argyfbyld fan de Fiskerijdagen - Foto: Omrop Fryslân

Boargemaster Sjerps fynt it 'ontzettend mooi' dat Harns dochs in lytse foarm fan de Fiskerijdagen hâlde kin. "Maar we zitten nog steeds in coronamaatregelen en kunnen het feest niet vieren zoals we graag zouden willen en zoals we gewend zijn."

Lytse foarm op ôfsletten lokaasje

Konkreet betsjut it dat net eltsenien ûntfongen wurde kin by de Nieuwe Willemshaven. "Normaal gesproken is iedereen welkom en is het dagen lang feest in de binnenstad. Maar dat kan niet: we hebben nog steeds te maken met 1,5 meter afstand en toegangseisen. Daarom hebben we een kleine vorm van Visserijdagen, die bedoeld is voor de Harlinger bevolking op een afgeschermde locatie aan de haven."

De bedoeling is dat de Harnzer befolking mei in tagongssysteem nei binnen kin. "Ik hoop dat het een ontzettend mooi feest wordt. Harlingen is het gewend om veel evenementen te organiseren en gasten te ontvangen, maar dat kan dit jaar helaas niet. We kunnen niet de aantallen bezoekers ontvangen die we normaal gewend zijn. Zouden die wel komen, dan hebben we een probleem met de coronamaatregelen. Dan zouden we in moeten grijpen."

Hoareka iepen, mar gjin aktiviteiten

De hoareka is wol iepen mei de Fiskerijdagen, mar sil gjin aktiviteiten organisearje. Sjerps: "We kunnen niet instaan voor de gezondheid van gasten bij losse feesten van de horeca in de binnenstad."

Op de mooglikheid dat der wer mear coronamaatregels loslitten wurde yn de rin fan de simmer, wol de boargemaster noch net al te bot foarútrinne. "De risico's zijn nog niet weg en we moeten op enig moment een knoop doorhakken over hoe het georganiseerd wordt. Je moet wel beveiliging en evenementen georganiseerd krijgen, dat kan niet één dag van tevoren."

Boargemaster Ina Sjerps fan Harns

Foar de Harnzer hoareka betsjut it dat de Fiskerijdagen dit jier net de grutte klapper fan it seizoen wurde sille. Yn 't earstoan hiene de ûndernimmers dat wol hope, nei in finansjeel drege tiid mei it coronafirus.

Yn prinsipe hawwe wy neat oan dizze Fiskerijdagen.

Cor Boonstra fan de Harnzer ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland

"Yn prinsipe hawwe wy neat oan dizze Fiskerijdagen", seit foarsitter Cor Boonstra fan de Harnzer ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland. "Dat hiene wy as hoareka eins ek al ynkalkulearre. Wy sitte noch hieltyd mei in soad beheiningen: in maksimaal oantal minsken op in terras, eltsenien moat sitte, je sitte mei de 1,5 meter ôfstân."

Finansjeel risiko

De hoareka hat it dreech hân, seit ek Boonstra. "Wy wolle graach jild fertsjinje, mar foar't der in poadium delset wurde kin moatte der wol befeiliging, EHBO, dykôfsettingen en ferkearsregelders komme. Dan moat de muzyk ek noch boekt wurde: in band en poadium foar 10.000 euro de jûn is neat. Dat kinne wy gewoan net finansierje."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Boonstra jout earlik ta dat it gefoel oer de lytse Fiskerijdagen earst 'net sa moai en noflik' wie. "Ik tocht: miskien kinne wy better in jier wachtsje mei syn allen en dêrnei grandioaze Fiskerijdagen delsette. Mar ik stean der no wol oars yn. Wy binne it wol wend om in feestje te fieren, dêr binne wy goed yn yn Harns. As wy de Fiskerijdagen yn in beheinde foarm fiere wolle dan is de Nieuwe Willemshaven in goede lokaasje."

De ôfdieling stiet dus op dit stuit efter de kar. "Yn it begjin hiene wy it oars hawwe wollen, mar wy meitsje der no gewoan in moai feest fan."

Foarsitter Cor Boonstra fan Koninklijke Horeca Nederland, ôfdieling Harns

(Advertinsje)
(Advertinsje)