Twadde ronde Wimbledon einstasjon foar Sander Arends

02 jul 2021 - 16:28

De twadde ronde op Wimbledon is freedtemiddei it einstasjon wurden foar tennisser Sander Arends. De Ljouwerter dûbeldspesjalist ferlear yn Londen, mei syn maat Matwé Middelkoop, mei 2-6 4-6 fan Marcelo Melo út Brazilië en Lukasz Kubot út Poalen.

Foto: ANP

Hoewol't Arends en Middelkoop de earste game wûnen, spile it duo gjin goede earste set. Harren tsjinstanners, yn 2017 noch winners fan Wimbledon, drukten fuortendaliks it gaspedaal yn.

De Nederlanners slaggen der mar fiif kear yn om in punt te pakken yn de opslachgames fan Melo en Kubot. De set gie dan ek ienfâldich mei 2-6 nei Melo en Kubot.

Yn de twadde set kaam it Nederlânske duo wol better yn de wedstriid, mar ta brekpunten yn de servicegames fan Kubot en Melo kaam it net. In break op 3-3 wie úteinlik genôch foar dat duo om de set binnen te heljen: 4-6.

Knappe oerwinning yn earste ronde

Arends en Middelkoop stiene yn de twadde ronde nei in knappe oerwinning tsjin Andre Begemann en Jurgen Melzer. Tsjinstanners Marcelo Melo en Lukasz Kubot binne as achtste pleatst yn Londen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)