F-16's nimme moandei yn stilte ôfskied fan Ljouwerter fleanbasis

De lêste Ljouwerter F-16's ferlitte kommende moandei de fleanbasis. Dat bart sûnder spesjale seremoanje. De lieding fan de fleanbasis fynt it net opportún om dat no feestlik te dwaan. Earst soe it ôfskied ôfrûne tongersdei plakhawwe. Troch in ynsidint mei in Belgyske F-16 waard dat skrast.
© Omrop Fryslan
By dat ynsidint rekken twa minsken ferwûne, de fleaner en de crewchief. Dy lêste wie freed al wer oan it wurk. De fleaner leit noch yn it sikehûs. Hy makket it goed.

Ungelok

Tongersdeitemoarn gie it mis. De motor fan de F-16 begûn samar te akselerearjen. De fleaner moast de sjitstoel brûke om him yn feilichheid te bringen. It tastel ramde flak dêrnei in gebou op de basis.
It ûndersyk nei de oarsaak rint noch folop. De ferskate ûndersyksteams kinne dêrfoar gebrûk meitsje fan de kamerabylden fan de F-16 sels en dy fan de oare tastellen dy't derby steane. De maresjaussee hat ek spotters frege oft dy ek bylden beskikber stelle wolle.
It tastel is yntusken fuorthelle fan it plak fan it ûngelok.