Justysje easket ek selstraf tsjin trije lêste fertochten yn misbrûksaak famke (15)

02 jul 2021 - 15:49

It Iepenbier Ministearje hat selstraffen easke tsjin de lêste twa Fryske fertochten yn de misbrûksaak fan in minderjierrich famke út Drachten. In 62-jierrige man út Balk en in 34-jierrige man út Drachten soene seks hân hawwe mei it 15-jierrige famke.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man út Balk soe ien kear seks hân hawwe mei it famke en it ek filme ha. De fertochte sei dat er net wist dat it famke minderjierrich wie, se soe sels sein ha dat se 19 jier wie. Hy soe bot skrokken wêze doe't de plysje him fertelde dat se 15 wie.

Tsjin de 62-jierrige fertochte is in selstraf fan achttjin moannen easke, wêrfan seis moannen ûnder betingst. Troch it filmke dat er stikem makke hie is de eask heger útfallen.

Drachtster

De 34-jierrige fertochte út Drachten hat yn in jier tiid meardere kearen seks hân mei it famke. Hy wie yn tsjinstelling ta de measte fertochten yn dizze misbrûksaak gjin 'klant' fan it famke.

De man hat in skoft by har en har âlden yn hûs wenne. Har heit wie syn wurkjouwer. Neffens him waard hy troch it famke ferlaat en koe hy gjin wjerstân biede. "Ik kon de spanning niet weerstaan", sei de man tsjin de rjochters.

Alden

De man tinkt dat sels dat hy tsien oant tolve kear seks hân hat mei it famke. Hy hat 'wel duizendmaal' deroan tocht om it oan har âlden te fertellen. Doe't hy dat úteinlik die folge der in emosjoneel petear. De fertochte soe net witten hawwe dat it famke betelle seks hie mei oare mannen.

It Iepenbier Ministearje hat in selstraf fan 24 moannen easke, wêrfan fjouwer moannen ûnder betingst.

Lêste fertochte

Tsjin de lêste fertochte yn de saak, in 27-jierrige man út Grins, dy't by him thús seks hân hawwe soe mei it famke, is freed ek in selstraf easke. De man is berne yn Yndia, mar is foar promoasjeûndersyk yn Nederlân.

De man ûntkent dat er geslachtsferkear hân hat mei it famke, mar de offisier fan justysje leaut dat net. It IM easke tsjin dizze fertochte in selstraf fan tolve moannen, wêrfan fjouwer moannen ûnder betingst.

Oare fertochten

Earder waarden yn dizze saak ek al selstraffen easke tsjin in man út Burgum (22) en in man út Hurdegaryp (22), dy't it famke prostituearre hawwe soene. Ek tsjin fjouwer 'klanten' fan it famke waarden earder al selstraffen easke. Dat giet om in man út Drachten (40), in man út Frjentsjer (23), in man út Ljouwert (47) en in man út Delfzijl (47).

Trefwurden: 
justysje misbrûk
(Advertinsje)
(Advertinsje)