Tal coronabesmettingen yn Fryslân rint wer wat op

02 jul 2021 - 15:22

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren fyftjin nije coronabesmettingen registrearre. Dat meldt it RIVM. Dat binne fiif mear as tongersdei. Doe gie it om tsien besmettingen.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

Yn trochsneed wie it oantal besmettingen yn de ôfrûne wike deis tsien. Op tongersdei lei dat trochsneed ek op tsien, in wike lyn noch op tolve.

De measte nije besmettingen binne fêststeld yn de gemeente Noardeast-Fryslân mei fiif. Dêrnei foglje Súdwest-Fryslân, Ljouwert, Smellingerlân en Weststellingwerf mei twa besmettingen. Fan de achttjin Fryske gemeenten bleaune der alve frij fan registrearre besmettingen.

Gjin stjergefallen en sikehûsopnamen

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin nije stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin nije pasjinten yn de Fryske sikehuzen opnaam.

Op it stuit lizze der noch twa coronapasjinten yn de Fryske sikehuzen, wêrfan't ien op de intensive care. Yn Drinte en Grinslân lizze gjin coronapasjinten mear yn de sikehuzen.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

Lanlik

Lanlik binne 962 nije coronagefallen registrearre. Yn trochsneed waarden der lanlik 658 besmettingen deis registrearre.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus besmettingen
(Advertinsje)
(Advertinsje)