Twadde Keamer op besite by Thialf: "Meer dan een geldslurpende sporthal"

Al skoften freegje provinsje Fryslân en gemeente Hearrenfean om Ryksjild foar iisstadion Thialf. Nettsjinsteande sympaty út Den Haag foar Thialf bleau it der by. Dat moat oars, fûnen Steateleden Jaap Stalenburg (PvdA) en Esther de Vrij (VVD). Sy hawwe in besite oan Thialf regele foar de wurdfierders fan Twadde Keamerfraksjes.
De polityk wie op besite yn Thialf:
Mei-inisjatyfnimmer Jaap Stalenburg fertelt dat er mei it Keamerdebat fan ôfrûne wike de yndruk krigen hat dat it boadskip goed begrepen wurdt. "Wij vinden dat de discussie over de financiering van Thialf niet alleen thuishoort in de gemeenteraad van Heerenveen en in Provinciale Staten."
Stalenburg tinkt dat dit besef der wol is. "VVD en D66 hebben we mee, het motorblok van de formatie. Dat biedt hoop: de landelijke politiek snapt dat er wat moet gebeuren."
PvdA-Steatelid Jaap Stalenburg
© Omrop Fryslân
Neffens Stalenburg is der yn Hearrenfean en Fryslân te lang tocht dat sy it sels wol oplosse koene. "De afgelopen maanden hebben Esther de Vrij en ik met Kamerleden gesproken. Er komt nu een onderzoek naar een fonds voor sportinfrastructuur. Dat is wat anders dan met de pet naar Den Haag gaan een vragen om tien miljoen. Er wordt veel over Thialf gesproken, maar lang niet iedereen is hier ooit geweest. Het is meer dan een geldslurpende sporthal."
IIsstadion Thialf op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Dêrom is it ek wichtich om sjen te litten wêr't Thialf allegearre mei dwaande is, sa seit wethâlder Jelle Zoetendal fan Hearrenfean. Hy wie ek yn Thialf. "Wy wolle dúdlik meitsje dat wy mei-inoar foar de opjefte stean om Thialf te behâlden. It wurdt te dreech foar gemeenten en provinsjes. It boadskip is benammen: help ús."
Wethâlder Jelle Zoetendal fan Hearrenfean (PvdA)
Twadde Keamerlid Attje Kuiken (PvdA) © Omrop Fryslân
Twadde Keamerlid Attje Kuiken (PvdA), dy't lang lyn yn Fryslân wenne, seit dat sy it wichtich fynt dat in ynstitút as Thialf oerein bliuwt en net ferdwynt. "Dat soe skande wêze. Yn it sportdebat hawwe wy ek sein: watfoar kabinet der ek komt, dit moat regele wurde."

Topsport

It oplieden fan topsporters is ek yn it belang fan it hiele lân, sa stelt Kuiken. "Sy helje aanst olympyske medaljes op, dan binne wy wer grutsk. Dus litte wy it regelje. Ik bin gjin minister, mar neffens my binne der wol mear partijen dy't dit belangryk fine."
Twadde Keamerlid Attje Kuiken fan de PvdA
Direkteur Marc Winters fan Thialf is wiis mei it omtinken foar syn iisstadion. "We willen dat het probleem op de agenda komt. We zijn al een tijd bezig met de financiële zorgen. We hebben al grote stappen gezet samen met onze sportpartners KNSB en NOC*NSF. Maar de problemen zijn nog niet verdwenen. Het gaat niet alleen om Thialf, maar om de vier-vijf grote olympische locaties. Het unieke van Thialf is de topsportfunctie: dat heeft echt een nationaal belang."
Direkteur Marc Winters fan Thialf