De freedsmerk oer Keti Koti: "Stilstean by de pine fan de slavernij"

02 jul 2021 - 13:47

It ôfskaffen fan de slavernij waard tongersdei yn Amsterdam wer fierd mei Keti Koti. De lêste jierren krijt dit hieltyd mear omtinken en no klinkt ek de fraach hieltyd lûder oft wy hjir as Nederlân mear mei moatte. Bygelyks troch it oanbieden fan ekskuzen en in ynstellen fan in nasjonale feestdei op 1 july. Op de Ljouwerter freedsdmerk wiene de mieningen ferdield.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Guon minksen fine it in goed idee om soks te betinken, om't hjir in soad donkere minsken wenje, mar ek om't wy as lân op dat mêd net sa'n goeie reputaasje hawwe. "Het was een lijdensweg voor die mensen en wij, met name Amsterdam, zijn er wel heel rijk van geworden."

Fierder waard opmurken dat in nasjonale feestdei, miskien wat in dûbel begryp is: "Feest om't it ôfskaft is, mar wy moatte grif ek it leed betinke dat dêr oan foarôf gie."

Foar- en tsjinstanners

Oaren fûnen dat der gjin inkele reden is om soks te dwaan. "Miskien foar de Surinamers wol, mar net foar ús. Wy wiene der ek net by no?" In oare tsjinstanner wiisde benammen op de lange tiid dat it lyn is: "Moat dat no noch? Mear as hûndert jier nei dy tiid? Binne sy wol in bytsje let, net?"

Boppedat waard faak as argumint om der gjin nasjonale feestdei fan te meitsjen neamd dat wy der dêr al sa'n soad fan hawwe. "Jo kinne net oan 'e gong bliuwe." Mar dêr hie in oar wer in hiele praktyske oplossing foar: "Wy kinne de ein fan de slavernij tenei wol fiere op pinkstermoandei. Dan hat elk sines. Hoe dreech kin it wêze?"

Ferslachjouwer René Koster frege op de merk nei Keti Koti

(Advertinsje)
(Advertinsje)