Hokker CDA'er folget Sander de Rouwe op as deputearre?

It fuortgean fan CDA-deputearre Sander de Rouwe komt as in ferrassing foar syn partij yn Fryslân. Foarsitter Theo Joosten fan CDA Fryslân hearde tongersdeitejûn dat De Rouwe yn oktober de nije boargemaster fan Kampen wurdt. De fraach is fansels wa't him hjir yn Deputearre Steaten fan Fryslân opfolgje moat.
Theo Joosten, foarsitter fan CDA Fryslân © Omrop Fryslân
Deputearre Sander de Rouwe is foardroegen as nije boargemaster fan Kampen, dat betsjut dat Fryslân in nije deputearre krijt. Foar Theo Joosten fan CDA Fryslân kaam it nijs as in grutte ferrassing: "Ik wist wel dat hij zeer geïnteresseerd was, maar het moment weet je nooit precies. Zulke sollicitaties komen meestal onverwacht."
Joosten fynt it skande dat De Rouwe de Fryske polityk ferlit. "We verliezen een geroutineerd en deskundig gedeputeerde met een goed netwerk in Den Haag. Maar ik wil hem graag feliciteren met zijn benoeming als aanstaand burgemeester."

Perioade net ôfmakke

De foardracht as boargemaster fan Kampen betsjut dat De Rouwe syn perioade as deputearre yn Fryslân, krekt as syn foargonger, net ôfmakket. "Ik had graag gezien dat hij zijn periode had afgemaakt, de komende twee jaar. Maar die combinatie van wanneer jouw periode eindigt en er iets voorbijkomt wat je leuk vindt, die combinatie valt bijna niet te maken."

Opfolger fan De Rouwe

Oer in opfolger moat de partij noch efkes neitinke. "Als dat donderdagavond bekend wordt, hebben wij de vrijdag om 12 uur nog niemand geregeld. Dat vraagt een nette procedure." Neffens Joosten kin sa'n proseduere wol in skoftke duorje. "In het kort komt het erop neer dat het fractiebestuur met advies van de voorzitter van de provinciale afdeling gaat zoeken of de mogelijkheid biedt om je kandidaat te stellen voor gedeputeerde."
Theo Joosten oer foardracht Sander de Rouwe as boargemaster fan Kampen