Dit is wat EuroParcs yn Hylpen wol: in fakânsjepark, bûlevaar en paviljoen

02 jul 2021 - 12:41

EuroParcs hat grutte plannen foar de oanlis fan in fakânsjepark oan de Iselmar by Hylpen. Yn it park moatte goed 120 rekreaasjewenten komme. Dit wykein binne der iepen dagen foar minsken dy't belangstelling hawwe foar sa'n rekreaasjewente. Tongersdei wie der in ynformaasjejûn foar omwenners.

Foto: EuroParcs

Neffens wurdfierder Frank Bijl fan EuroParcs is it net de bedoeling dat it in 'doarp wurdt dat los stiet fan de omjouwing.' Bijl: "We willen juist een vakantiepark dat geïntegreerd is in de lokale gemeenschap. Dus die willen we betrekken."

Yn febrewaris waard bekend dat it fakânsjebedriuw de eigener wurde soe fan Badpaviljoen Hindeloopen en Camping Schuilenburg.

Rekreaasje lûke

Neffens Bijl wiene de reaksjes op de ynformaasjegearkomste yn Hylpen posityf. "Men ziet ook dat wanneer wij vier seizoenen lang recreanten naar ons park kunnen trekken, dat zij daar ook baat bij kunnen hebben. We hadden de rechtstreekse betrokkenen uitgenodigd, maar eigenlijk was het openbaar voor iedereen."

Details lizze noch net fêst

De plannen binne lykwols noch net yn beton getten. "We kennen de procedures en weten dat onze plannen die nog op de tekentafel liggen best nog aanpassingen van overheidsinstanties behoeven. Maar we nemen er geen groot risico mee, want feitelijk lag er al een bestemmingsplan van de vorige eigenaar. Uiteraard moeten we de procedures volgen, maar de risico's zijn beperkt", tinkt Bijl.

Frank Bijl fan EuroParcs

Der kinne dus noch genôch heakken en eagen wêze. "Overheidsinstanties moeten goed kijken naar bijvoorbeeld waterkeringen, de indeling, de toestroom van mensen, de verkeersstromen. We zijn nog bezig met de boulevard naar het badpaviljoen en Hindeloopen. Er zijn nog wel aanknopingspunten die op detail meer invulling behoeven."

Camping ferdwynt

Ien ding stiet wol fêst: Camping Schuilenburg ferdwynt, oan de ein fan it seizoen moat it terrein oplevere wurde. "Er komen verschillende vakantiehuizen op het park in plaats van de stacaravans die het nu bevolken. De mensen die er nu staan, zijn er van op de hoogte. Velen zijn al aan het opruimen of verkopen hun caravan. Er is zelfs een opkoper geweest die al zo'n 40-50 caravans heeft gekocht."

Badpaviljoen Hindeloopen oan de Iselmarkust yn Hylpen - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

It monumintale paviljoen bliuwt wol en wurdt nei alle gedachten ek opknapt, ferklearret EuroParcs. "Het is een gebouw met historische waarde dat er al enige tijd staat. Aan de constructie moet nogal wat worden verbeterd, dus daar moeten we het met de instanties over hebben. We gaan er wel in investeren."

(Advertinsje)
(Advertinsje)