GGD hopet mei it each op firusfarianten dat Friezen har testen bliuwe

02 jul 2021 - 12:14

It ôfnimmen fan it oantal nije coronabesmettingen giet wat minder hurd as yn de ôfrûne wiken. De GGD sjocht in stabilisaasje, mar neffens de organisaasje is dat in normaal patroan oan de ein fan in epidemyske weach. Dizze wike wiene der 68 nije besmettingen, ferline wike wiene it 88.

De GGD-faksinaasjelokaasje op It Hearrenfean oan de Uhlweg - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It oantal testen yn Fryslân is ôfnaam fan 4.032 nei 3.915. Neffens de GGD binne der noch mar fjouwer klusters yn de provinsje, fan tusken de 3 oant 8 besmettingen. De measte nije besmettingen wiene yn de groep jongelju tusken de 18 en de 30 jier.

Firusfarianten út it bûtenlân

Foar de goeie sifers oer stiet de noed oer de nije firusfarianten yn it bûtenlân. Wa't weromkomt út in oranje gebiet moast tsien dagen yn karantêne, mar dit advys is ferfallen foar wa't binnen Europa reizget en in negative test, faksinaasjebewiis of bewiis corona hat. Sûnt 1 july bestiet dêrfoar it Digitaal Corona Certificaat. Minsken kinne har fergees teste litte fia testenvoorjereis.nl.

Deltafariant yn Fryslân

Minsken dy't faksinearre binne, moatte der bewust fan wêze dat sy it firus wol meinimme kinne, sa seit de GGD mei klam.

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân giet der fanút dat de Deltafariant (earder bekend as de Yndiaaske fariant) fan it coronafirus al yn Fryslân is: "It is krekt ûnkrûd, de sterkste fariant sil it winne. Je sille minder gewoane corona sjen en mear fan dizze nije farianten."

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

Soargen binne der pas echt as minsken yn it sikehûs reitsje, seit De Graaf. "Mar wy wolle der wol sicht op hâlde. Dus wy hoopje benammen dat minsken harren testen bliuwe. Ek om mear te witten oer de nije farianten."

Faksinaasje: ek bern oan bar

Yn de ôfrûne wike binne der 32.253 minsken faksinearre. Dat binne der minder as de goed 51.000 fan in wike earder, mar it komt trochdat der minder faksin fan Pfizer levere is en troch administrative korreksjes. Yn totaal hat de GGD no 464.632 prikken set yn Fryslân.

Fan freed ôf krije ek bern tusken de 12 en de 18 jier in útnûging om in faksinaasje-ôfspraak te meitsjen foar in prik mei Pfizer. De âldste bern (fan 2004) krije de brief as earste. De faksinaasje fan bern op de Waadeilannen is al úteinset.

Twa pasjinten yn Fryske sikehuzen

Op dit stuit lizze der noch twa pasjinten mei it coronafirus yn de Fryske sikehuzen, fan wa ien op de intensive care.

Margreet de Graaf fan GGD Fryslân

(Advertinsje)
(Advertinsje)