Gefjochtsfleantugen Ljouwerter fleanbasis wer yn de loft

02 jul 2021 - 11:22

In dei nei it ûngelok mei in F-16 op de Ljouwerter fleanbasis hat Definsje it gewoane wurk wer oppakt. Freedtemoarn binne twa F-35's de loft yn gien foar in trainingsmisje.

Piloat yn F-35 - Foto: Omrop Fryslân

By it ûngelok op de Ljouwerter fleanbasis tongersdeitemoarn rekken twa Belgen ferwûne. In F-16 rekke yn de problemen by it opstarten en ried in gebou op de fleanbasis yn. De piloat hie syn fleantúch ferlitten mei de sjitstoel. Mei de twa ferwûnen giet it nei omstannichheden goed.

Letter op freed geane noch mear F-35's de loft yn. De Weapons Instructor Course fljocht freed net. Dat is in kursus foar fleaners en offisieren dy't oplaat wurde ta wapenynstrukteur. Moandei fleane se wol wer.

Trefwurden: 
Ljouwert fleanbasis F-16 F-35
(Advertinsje)
(Advertinsje)