Twizelerheide krijt feilich fytspaad by it Wyldpaed del

02 jul 2021 - 11:00

Der wurdt in feilige fytsferbining oanlein tusken Twizelerheide en de provinsjale wei N355. Gemeente Achtkarspelen wol 180.000 euro útlûke foar it fytspaad.

Foto: Shutterstock / Jarretera

Pleatslik Belang Twizelerheide en de buertferiening fan it Wyldpaed trúnje de gemeente Achtkarspelen al langer om in feilige fytsrûte. Op de wei, dy't oanslút op de provinsjale wei N355, wurdt faak te hurd riden en der is gjin romte foar fytsers. Boppedat is de krusing mei de Ryksstrjitwei gefaarlik. It is de iennige rûte foar in soad skoalbern en in populêre wei by rekreanten en toeristen.

Ovonde en fytspaad

De provinsje hie earder it plan al om op it krúspunt in ovonde te realisearjen. De gemeente seit no ek in fytspaad ta. De nije fytsrûte fan it doarp út wurdt oanlein fan it Skeanpaed ôf en moat op de ovonde oanslute. It fytspaad stiet foar 2022 op de planning.

(Advertinsje)
(Advertinsje)