De Fiskerijdagen yn Harns kinne trochgean, mar wol op in nije lokaasje

De Fiskerijdagen yn Harns geane op 25 oant en mei 28 augustus definityf troch. It bart wol op in nije lokaasje: de Nieuwe Willemshaven. Dêr kin better kontrôle hâlden wurde op de tastream fan minsken, sa jout Stichting Visserijdagen Harlingen oan. Yn it sintrum kin der dreger rekken hâlden wurde mei de 1,5 meter ôfstân.
Argyffoto fan de Fiskerijdagen © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It is besletten yn oerlis mei de gemeente, Stichting Evenementen Harlingen, Ondernemend Harlingen en de Harnzer ôfdieling fan Koninklijke Horeca Nederland. Sûnder de ferpleatsing soe it evenemint gjin fergunning krije. De Fiskerijdagen besteane al sûnt 1959.