Plysje nimt yllegale stjoermêst op ljedderwein yn beslach by Wyns

02 jul 2021 - 09:53

De plysje hat tongersdei oan de Wynzerdyk by Wyns in yllegale stjoermêst fûn. De stjoermêst stie oan de ein fan in dearinnende dyk, boppe-op in ljedderwein. De wein, aggregaat en stjoerapparatuer binne troch de plysje yn beslach nommen.

Foto: Kappers Media

De eigener fan de wein hat him by de plysje meld. Hy koe de kaai jaan, mar sei net te witten hoe't de ljedder nei ûnderen moast. Njonken de plysje hat ek de brânwacht dwaande west by de wein.

In yllegale stjoerder fersteurt de reguliere FM-stjoerders, mar kin ek de kommunikaasje fan helptsjinsten en fleanferkear fersteure.

Trefwurden: 
Wyns stjoermêst Wynzerdyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)