Wykgemiddelde fan besmettingen nimt stadich ôf

02 jul 2021 - 08:13

It tal besmettingen yn de ôfrûne wike wie tsien deis. It wykgemiddelde nimt stadichoan ôf. Om't de oantallen mei besmettingen sa leech binne, ferskilt de iene dei wol mei de oare. De oantallen besmettingen rûnen út inoar fan 5 oant 15.

Foto: Omrop FryslânOmrop Fryslân, Aise van Beets

Yn Ljouwert wienen de ôfrûne wike de measte besmettingen (17), folge troch Weststellingwerf mei 11.

Sân fan de 18 gemeenten wienen de hiele wike sûnder besmettingen. Dat wienen Achtkarspelen, It Amelân, Dantumadiel, Noardeast-Fryslân, Skiermûntseach, Flylân en Waadhoeke.

Ien persoan stoarn

Dizze wike is yn Fryslân, foar safier bekend, ien persoan ferstoarn oan it coronafirus. Der is ek ien opnaam yn de Fryske sikehuzen.

Hast 70 Friezen posityf test

Mei de 69 positive testen fan de ôfrûne wike is no yn totaal by 43.909 Friezen it coronafirus fêststeld.

It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn ús provinsje stiet op 478. It werklike tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net elkenien test wurdt. Dêrom is net fan elk stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Sjoch foar mear sifers en foar grafiken oer it coronafirus op ús dossierside.

Tal besmettingen en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
25 juny - 1 july 69 1
18 juny - 24 juny 89 0
11 juny - 17 juny 136 1
4 juny - 10 juny 267 1
28 maaie - 3 juny 540 0
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16
26 febrewaris - 4 maart 1.162 19
19 febrewaris - 25 febrewaris 1.350 21
12 febrewaris - 18 febrewaris 1.129 39
5 febrewaris - 11 febrewaris 1.207 41
29 jannewaris - 4 febrewaris 1.181 30
22 jannewaris - 28 jannewaris 1.310 29
15 jannewaris - 21 jannewaris 1.592 20
8 jannewaris - 14 jannewaris 1.529 18
1 jannewaris - 7 jannewaris 1.697 17
25 desimber - 31 desimber 1.644 19
18 desimber - 24 desimber 1.804 5
11 desimber - 17 desimber 1.384 6
4 desimber - 10 desimber 974 4
27 novimber - 3 desimber 703 9
20 novimber - 26 novimber 672 13
13 novimber - 19 novimber 720 17
6 novimber - 12 novimber 561 6
30 oktober - 5 novimber 838 8
23 oktober - 29 oktober 926 9
16 oktober - 22 oktober 1.051 5
9 oktober - 15 oktober 1.160 2
2 oktober - 8 oktober 666 0
25 septimber - 1 oktober 515 0
Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)