Hoarekasaken hâlde doarren ticht om tekoart oan personiel

02 jul 2021 - 07:42

De Fryske hoareka makket him grutte soargen oer it tekoart oan personiel. Guon restaurants moatte no en dan de doarren sels slute om't der te min koks yn de keuken stean. Mar ek de útbaters fan kafees en oare útgeansgelegenheden kinne de drokte nei de lockdown net oan. De ferwachting is dat yn septimber de problemen noch mear tanimme.

De hoareka hat te lijen fan personielstekoart:

"We hebben sinds 22 jaar een tekort in de bediening. Dat was altijd een probleem in de keuken, maar dat hebben we rond", seit Marcel Oost fan Hotel Oostergo yn Grou. "Ik dacht dat het met de rest ook wel goed kwam, maar we zijn al sinds februari aan het lobbyen op social media. De laatste post is een noodkreet met dat we twee dagen moeten sluiten, helaas. Dat is een drastische maatregel waarvan ik twee nachten niet heb geslapen. Personeel trekt het zo ook niet met lange dagen."

Bestek - Foto: Shutterstock.com

By De Pleats yn Burgum is ek in tekoart. "We sykje twa selsstannich wurkjende koks en we ha noch wol plak foar in learling. Je moatte kreatyf neitinke, we binne fleksibel yn wat minsken wolle. Troch corona is de krapte slimmer wurden", seit Eelke Duursma.

30 prosint hat oar wurk

Ek Melle Bakker fan it hoarekabûn sjocht dat der krapte is. "De hoareka ha oardel jier stilstien en sa'n 30 prosint fan de meiwurkers is útstreamd nei oare sektoaren of ha oar wurk fûn en dy komme net werom. En de hoareka is in groeisektor, dus der binne noch mear minsken nedich."

Ferslachjouwer Ronnie Porte makke in rûntsje by de hoareka del

Om it tekoart op te lossen hat de provinsje in notysje gastfrij Fryslân makke mei plannen foar takomstbestindige banen.

Trefwurden: 
tekoart hoareka personiel
(Advertinsje)
(Advertinsje)