Brêgewipper fan Wergea nei kommoasje wer yn eigen doarp teplak

02 jul 2021 - 06:41

Lang like it der op dat brêgewipper Piet Kloosterman dit jier net yn it eigen doarp Wergea op de brêge sitte mocht. De gemeente fûn dat er mar earne oars sitte moast. Mar Kloosterman kaam yn opstân en mei him in soad doarpsbewenners en sels de gemeenteried. It soarge foar in soad publisiteit en lang om let gie de gemeente oerstaach.

Brêgewipper fan Wergea nei kommoasje wer yn eigen doarp teplak

En dus mocht er tongersdei dochs wer yn Wergea oan de slach. Op de earste dei like it wol dat elkenien efkes delried om nei him te toeterjen of dach te sizzen. En dat die Kloosterman goed. "In soad minsken kenne my en ik ken in soad minsken." Op de earste dei wie it noch net sa drok mei boaten. "Wergea is net sa drok as bygelyks yn Grou of Warten. En is it troch de wike en net sok moai waar noch, mar dat komt wol."

Syn seizoen is al earder begûn by de Frouwepoartsbrêge. "Yn july en augustus sit ik yn Wergea en dêrnei wer yn Ljouwert. Syn earste dei wie net oars as oars. "Ik wenje yn it doarp dus dat is wol maklik. It wie even ferfelend, dat wie in tastân oer myn persoan en de brêge, mar dat wie net leuk. Ik fûn dat ik foar mysels opkomme moast."

De Wergeaster brêgewipper Piet Kloosterman - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Der waard sein dat er fan de brêge moast, om't er te eigen wie. "Dat snapte ik net. Doe begûn it baltsje te rôljen, en kaam it ek yn de parse. Ik tink dat it krekt in oanwinst is, dat de brêgewipper ien út it doarp is. Ik kin de toeristen en boatsjeminsken helpe, as se wat witte wolle. Ik ha dus ek in funksje as VVV en dat is ek it leuke derfan."

Piet Kloosterman

Trefwurden: 
Wergea brêgewipper
(Advertinsje)
(Advertinsje)