Sander de Rouwe ferlit Deputearre Steaten en wurdt boargemaster fan Kampen

02 jul 2021 - 06:37

Deputearre Sander de Rouwe folget Bort Koelewijn op as boargemaster fan Kampen. De gemeenteried Kampen hat him tongersdei foardroegen. De Rouwe is op it stuit deputearre foar Fryslân.

Sander de Rouwe ferlit Deputearre Steaten en wurdt boargemaster fan Kampen

De gemeenteried fan Kampen socht in 'enerzjike en ûndernimmende bestjoerder', en seit dat se dat yn De Rouwe sjogge. De gemeenteried ferwachtet dat De Rouwe yn oktober beëdige wurdt. De Rouwe seit dat er wiis is mei de foardracht: "It is hiel bysûnder. Ik seach al dat der in protte kandidaten wiene, dus it wie echt in befrijend telefoantsje."

Fan Boalsert nei Kampen

De Rouwe komt fan Boalsert en wennet dêr ek. Hy seit dat it dreech wurde sil om de stêd te ferlitten, mar leit ek út wat him lûkt om nei Kampen te gean. "Benammen de minsken, it is in hiele moaie mienskip. It is in Hanzestêd, dus it hat histoarje út it ferline, sa't we dat ek kenne mei de Fryske stêden. Mar it hat ek in moaie takomst, mei groei, nije minsken en in protte ûndernimmerssin en in protte ferieningen."

De Rouwe hat earder riedslid west yn Boalsert. De CDA'er is op it stuit deputearre foar de provinsje Fryslân, dêrfoar wie er acht jier lid fan de Twadde Keamer.

Foto: Omrop Fryslân

Sander de Rouwe

(Advertinsje)
(Advertinsje)