D66 freget "pas op de plaats" mei sâltwinning

01 jul 2021 - 21:38

D66 wol in "pas op de plaats" fan de sâltwinning fan Frisia ûnder de Waadsee út Harns wei. Minister Stef Blok fan Ekonomyske Saken en Klimaat wol dat net en warskôget foar hege skeafergoedings dy't betelle wurde moatte as de earder ferliende winningsfergunning net mear brûkt wurde kin. Dat is tongersdeitejûn sein op in kommisjegearkomste fan de Twadde Keamer oer de mynbou.

Gryn - Foto: Remco de Vries/Omrop Fryslân

Oanlieding wie in keamerbrief fan moandei. Dêryn makke in advyskommisje dúdlik dat troch de sâltwinning in reedlike kâns bestiet dat der Waadplaten fersûpe. Dat komt trochdat de boaiem fan it Waad sa hurd nei ûnderen giet dat soks net te kompensearjen is troch de natuerlike oanfier fan slyk en sân.

Dêrby giet it om in gebiet net al te fier fan it eilân Gryn; de saneamde 'komberging Vlie'. Foar de Waadautoriteit is dat oanlieding om yn in advys oan de minister te freegjen hjir gau dúdlikheid oer te krijen. As dat net slagget, moat der ophâlden wurde mei de sâltwinning; al of net tydlik.

Keamerlid Raoul Boucke (D66) trune der by de minister dêrom ek oan op it brûken fan it saneamde 'voorzorgs- en zorgvuldigheidprinsipe'. Yn de keamerbrief wurdt al in ûndersyk troch ûndersyksynstitút Deltares tasein.

Gaswinning

GroenLinks, ChristenUnie en D66 wolle ek graach dat minister Blok mei Shell yn petear giet om't it bedriuw koartlyn troch in rjochtsaak twongen is om minder oalje en gas nei boppen te heljen. Dizze partijen sjogge dêryn in kâns om rapper mei de gaswinning op te hâlden ûnder it Waad.

Mar dat komt no te betiid fynt minister Blok. Shell kin ommers noch heger berop oantekenje tsjin de gerjochtlike útspraak. Boppedat hat Nederlân no noch gas nedich en soe it ynlûken fan besteande fergunnings "een paar miljard euro" kostje oan skeafergoedings en ynkomsten dy't it Ryk misrint.

Trefwurden: 
Waadsee sâltwinning D66
(Advertinsje)
(Advertinsje)