Avine Fokkens reagearret: "Vlugge trein naar Duitsland is visie voor langere termijn"

Deputearre Avine Fokkens 'neemt voor kennisgeving aan' dat de Dútske steatssiktaris Enak Ferlemann seit dat it reizgersoanbod yn it noarden te lyts is foar in flugge trein Grins-Bremen-Hamburg yn oansluting op de noch oan te lizzen Lelyline.
© Omrop Fryslân
Bestjoerders dy't lobbye foar de Lelyline, en ek Fokkens sels, hawwe de ôfrûne moannen geregeld 'de flugge trein nei Dútslân' brûkt as wichtich argumint foar de Lelyline. It Dútske regear sjocht hjir lykwols net folle yn.
Dútslân is op dit stuit dwaande om de spoarferbining Hamburg-Nederlân fia Osnabrück te ferbetterjen. It trasee Grins-Oldenburg is neffens Ferlemann allinnich geskikt foar 'Nahverkehr' oftewol regionale treinen.
Fokkens sjocht neat yn de ferbining fia Osnabrück. "Dat is enorm om. Wij houden vast aan de verbinding Groningen - Bremen - Hamburg. Hat kan zo zijn dat er nu niet genoeg reizigers voor zijn, maar dat kan in de toekomst veranderen. Wij richten ons eerst op het realiseren van de Lelylijn zelf in Nederland. De sneltrein naar Duitsland is een bijkomend voordeel voor de langere termijn. Laten we eerst maar eens kijken of de lijn wordt opgenomen in het regeerakkoord."
De stikkene Friesenbrücke by Weener © Omrop Fryslân

Friesenbrücke

In sneltrein fan Grins nei Oldenburg is foarearst net mooglik, omdat de Friesenbrücke oer de Eems al sûnt desimber 2015 stikken is. Dizze simmer wurdt by it plakje Weener úteinset mei de sloop en de werbou fan de Friesenbrücke.
De nije Friesenbrücke moat yn 2024 oplevere wurde. Fokkens wol har net ôfdiele litte troch de perikelen mei de brêge. "Je kunt in problemen denken, maar ik zou liever in oplossingen willen denken. De visie voor de snelle trein naar Duitsland is voor de langere termijn."
Avine Fokkens reagearret op Dútske steatssiktaris: "Vlugge trein naar Duitsland is visie voor de langere termijn"
Harkje nei de reaksje fan Avine Fokkens
FryslânDOK: Spoarsykje