Ljouwerter tennisser Sander Arends troch nei twadde ronde op Wimbledon

De Ljouwerter tennisser Sander Arends hat him tongersdei pleatst foar de twadde ronde fan Wimbledon. Arends wie, mei syn dûbeldmaat Matwé Middelkoop, mei 7-6 4-6 en 6-2 te sterk foar it koppel Begemann/Melzer.
© ANP
Yn de earste set kamen Melzer en Begemann rap in break foar, mar Arends en Middelkoop wiene op tiid by de les. Se kamen wer gelyk en op 6-6 moast in tiebreak de beslissing bringe. Dêryn wiene de Nederlanners mei 7-2 de baas.
Yn de twadde set wiene it Arends en Middelkoop dy't op 2-2 as earste in break forsearren, mar dy foarsprong wiene se in game letter alwer kwyt. Op 4-5 soarge in minne opslachgame derfoar dat de set nei it Dútsk-Eastenrykse duo gie.

Foarsprong

In tredde set moast de beslissing bringe. Fan teloarstelling wie gjin sprake by Arends en syn maat. Yn gjin tiid pakten se in 4-0 foarsprong. De oerwinning kaam dêrnei net mear yn gefaar.

Twadde ronde

Yn de twadde ronde spylje Arends en Middelkoop tsjin it Braziliaansk-Poalske duo fan Marcelo Melo en Lukassen Kubot. Sy binne as achtste pleatst op Wimbledon en wiene yn 2017 noch winner fan it toernoai.