Geert fileart: Keatsbûn is spoar wer ris bjuster: net op de rem, jou gas

01 jul 2021 - 18:15

Lang om let is it keatsseizoen 2021 op 26 juny foar de senioaren úteinset. Tûkelteammen genôch by de lette start fan it seizoen. Berltsum krige it net foar elkoar om op 27 juny in haadklassepartij te organisearjen en Harns joech de partij dy't op 3 july yn de aginda stie ek werom. Gelokkich pikte Stiens dat hiel flot op.

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

Ik twivelje der net oan dat troch it keatsbûn KNKB hurd wurke is om alles yn kalk en semint te krijen. Mar dat wol net sizze dat it bûn alles goed op in rychje hat. It liket aardich struktureel te wurden: it keatsbûn dat alle jierren wol in tal beslissende flaters makket.

Sa waard de keats-off (in partij dy't organisearre wurdt troch de PC!) fan de kalinder helle. Reden: de partijen fan it wykein dêrnei moasten noch meitelle foar in represintative ranking (klassemint).

Noch ôfsjoen fan it feit dat it te tinken jout dat it keatsbûn der net yn slagget om yn fiif wiken tiid acht rankingpartijen te organisearjen: de PC waard totaal ferrast troch it skrassen fan de keats-off. De KNKB fûn it net nedich om hjiroer rom op tiid (dus foardat in beslút naam waard) te kommunisearjen mei de PC. Beskamsum.

En doe't it beslút fallen wie, stikte it keatsbûn net yn de earste leagen. Sa waard sein dat der belle wie mei de ponghâlder (!) fan de PC en dat de PC fia in mail op de hichte steld wie fan it beslút. De PC ûntkent dat allegear mei krêft. It telefoantsje mei de PC-ponghâlder gie net oer de keats-off en de mail wie de algemiene mail dy't nei de keatsers stjoerd waard. Ien fan dy keatsers hat de mail troch stjoerd nei de PC.

En as de KNKB op dizze saken oansprutsen wurdt troch de PC, dan draaie se om de wierheid hinne as in drol yn de pispot, om by eintsjebeslút de sjoernalisten fan de Omrop en de Ljouwerter Krante de skuld te jaan. "Hielendal ferkeard opskreaun." Jawis, de âlde trúk. De sjoernalist hat it wer dien, mar wol opfallend dat dy sjoernalisten, ûnôfhinklik fan elkoar, itselde skriuwe. En trouwens: wa bellet no de ponghâlder oer sa'n kwestje! Dan belje je dochs mei de foarsitter? Dy hat altyd al de wurdfierder en oansprekpunt west yn dizze ynhâldlike kwestjes.

En wêrom nimme je de PC, de organisator úteinliks fan de keats-off, net fan it earste momint mei yn it proses? Dan hie yn oplossings tocht wurde kinnen. Dan hie it rankingsysteem de goeie proporsjes krigen: in middel, mar gjin doel. Nee, foute boel KNKB. En swak dat je je der sa útlulle wolle.

De útkomst fan dit amateuristyske gedoch: gjin keats-off. En in PC-kommisje dy't hielendal klear is mei it keatsbûn. Binne je moai klear mei.

Want der spilet noch wat. Fanút de PC is it PC Selskip oprjochte. In klup mei sympatisanten fan it keatsen dy't alle jierren in bedrach betelje, dat troch dat Selskip dan wer ynset wurdt om it keatsen foar jongerein te stimulearjen. Past presys yn de histoarje en it doel dêr't de PC yn 1853 mei oprjochte waard.

It earste inisjatyf fan it Selskip wie, yn 2019, it organisearjen fan in junioarekompetysje. In groep keatsers dy't geregeld tusken wâl en skip falt en dan ophâldt mei keatsen. En dy't dus in ekstra stimulâns fertsjinnet. Dy kompetysje waard in sukses. Ferline jier keatsten de junioaren op de fiifde woansdei fan july sels in partij op it Sjûkelân, doe't de PC net trochgie. Ek in sukses.

Dy kompetysje kaam muoisum ta stân. De diedkrêft fan Selskip, oanfierd troch âld-haadklasser Dirk Jan van der Woud, wie de KNKB tefolle. It keatsbûn, dochs nedich om alles te fasilitearjen, wie de partij dy't op de rem trape. Joech ek al wer de nedige spanning.

Hoe dan ek: dy suksesfolle kompetysje moast dit jier fansels wer trochgean. En wer stean beide partijen rjocht foar elkoar oer. Wer is it de KNKB dy't net mei kin yn it tempo dat troch it Selskip ûntwikkele wurdt. Sterker noch: de KNKB komt ynienen mei regiojunioarewedstriden. Bedoeld foar keatsers dy't net al te goed keatse kinne. Want dy moatte ek in kâns hawwe.

Ach jonges toch. Wat in kar! It keatsbûn hie fansels hiele oare prioriteiten stelle moatten. De plannen fan it Selskip mei faasje fasilitearje moatten. No stiet de suksesfolle junioarekompetysje faai, omdat der amper partijen organisearre wurde. En oanmeldings foar dy regiopartijen binne der amper. Dat wurdt dus ek neat. Allinnich mar ferliezers dus. De KNKB is ferdwaald. De PC en it Selskip djip frustrearre.

Yn de histoarje fan it keatsen is it in tal kearen foarkommen dat it keatsbûn en de PC foar elkoar oer stienen. Dat wienen faak heftige konflikten, dy't it keatsen úteinliks net goed dienen. Yn 2021 is der wer sprake fan in ferwidering tusken KNKB en PC. En de KNKB kin him dizze sitewaasje oanlûke. En dat is skande. Krekt yn dizze tiid moatte alle krêften bondele wurde om it keatsen wer yn de lift te krijen. Want sa goed stiet de KNKB der mei minder as tsientûzen leden net foar.

De PC docht alle war om de gong der wer yn te krijen, mar it slagget mar net om de KNKB mei te krijen. It keatsbûn hat ûndertusken it gesicht krigen fan in amtlike organisaasje, mei alle negative gefolgen dy't soks hat.

En sa yngewikkeld hoecht it net te wêzen. Lear iepen te stean. Lear transparant te wêzen. Lear fleksibel te wêzen. Lear prioriteiten te stellen. Untwikkelje diedkrêft. Mar benammen: lear te kommunisearjen.

Want PC en KNKB hawwe yn prinsipe deselde doelstelling: it tsjinjen fan de keatssport. Dat fereasket, hielendal yn dizze ûnwisse tiid, in iepen 'mind' en in bulte slachfeardigens.

Oane DJ Kikstra en Skelte Oppedijk, Omrop Fryslân-radiofenomenen út de jierren njoggentich, soenen sizze: "Net op de rem; jou gas."

Omwille fan it keatsen."

Trefwurden: 
keatsen Geert van Tuinen
(Advertinsje)
(Advertinsje)